47 Meters Down

film út 2017 fan Johannes Roberts

47 Meters Down is in Amerikaansk-Britske horrorfilm út 2017 ûnder rezjy fan Johannes Roberts, mei yn 'e haadrollen Mandy Moore en Claire Holt. De titel betsjut "47 Meter Omleech" of "Op in 47 Meter Djipte". It ferhaal giet oer twa Amerikaanske susters dy't op fakânsje yn Meksiko te koaidûken geane op in plak dêr't it optilt fan 'e haaien. As de liere fan 'e boat ôfbrekt, sakket de koai mei harren deryn nei de seeboaiem, dêr't se fêst komme te sitten mei in minderjende soerstoffoarried en wite haaien oeral om harren hinne. 47 Meters Down krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in oansjenlik kommersjeel súkses. Yn 2019 waard der in ferfolch útbrocht mei de titel 47 Meters Down: Uncaged.

47 Meters Down
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Johannes Roberts
produsint James Harris
Mark Lane
senario Johannes Roberts
Ernest Riera
kamerarezjy Mark Silk
muzyk Tomandandy
filmstudio The Fyzz Facility
Dragon Root
Flexibon Films
Lantica Pictures
Dimension Films
distribúsje Entertainment Studios
spilers
haadrollen Mandy Moore
Claire Holt
byrollen Matthew Modine
Chris J. Johnson
Yani Gellman
Santiago Segura
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 12 juny 2017
foarm langspylfilm
sjenre horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 85 minuten
budget en resultaten
budget $5,3 miljoen
opbringst $61,7 miljoen
filmsearje
filmsearje 47 Meters Down
● folgjend diel 47 Meters Down: Uncaged

De jonge Amerikaanske susters Lisa en Kate binne op fakânsje yn Meksiko nei't Lisa har feint Stuart it koartby útmakke hat om't er har net aventoerlik genôch fûn. As se in pear leuke Meksikaanske jonges moetsje, dy't harren mei hawwe wolle te koaidûken mei wite haaien, lokket dat Lisa eins hielendal net oan, mar Kate, dy't der krekt in protte sin oan hat, trunet har oan om mei te gean. As se der foto's fan nimme, kin se Stuart nochris sjen litte wa't der net aventoerlik is. De jonges, Luis en Benjamin, hawwe kunde oan immen dy't toeristen mei de see op nimt te koaidûken, en dy't in plak ken dêr't it optilt fan 'e wite haaien. It is kaptein Taylor, in Amerikaan dy't yn Meksiko wennet. Hy wol fan 'e fammen witte oft se wolris earder djipseedûkt hawwe. Kate is in diplomearre dûkster, mar Lisa hat it noch nea dien. Se lige lykwols tsjin Taylor dat se der allebeide ûnderfining mei hawwe.

Taylor syn boat blykt âld en roastich te wêzen en de dûkerskoai krektsa. Lisa kriget sterke betinkings oer de hiele saak, mar kin net mear werom. Kate liket har nearne soargen oer te meitsjen. Op it plak fan bestimming oankommen, smyt Taylor syn iennichste bemanningslid Javier chum (in mingsel fan it yngewant en it bloed fan fisken) yn see om 'e haaien oan te lûken, in praktyk dy't eins by wet ferbean is. Lisa wiist dêrop, mar Javier hat de gek mei har. De koai wurdt te wetter litten en de beide jonges geane der earst yn. Taylor lit de koai fiif meter sakje, wêrnei't de jonges út 'e koai wei de grutte wite haaien bewûnderje kinne dy't op 'e chum ôfkomme. Nei tsien minuten oant in kertier wurdt de koai wer ophelle. Dan binne de famkes oan 'e beurt om yn 'e koai. Taylor lit it ding wer fiif meter de see yn sakje, dêr't de susters omjûn wurde troch haaien. As Taylor de koai wer ophelje sil, brekt lykwols de kraanearm ôf dêr't de keabel oerhinne rint. De liere begjint ôf te winen en de koai sakket djip de see yn. As de keabel hielendal ôfwûn is, knapt er troch it hommelse gewicht dat deroan komt te hingjen. De koai mei de beide famkes rekket los en sakket nei de seeboaiem ta, op 47 meter djipte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat bringt de boat krekt bûten it berik fan 'e radioferbining fan 'e mikrofoanen yn harren dûkmaskers. De susters hearre inkeld wat knetterjen. Kate bejout har dêrom út 'e koai, wêrby't se earst de kraanearm fuortskuorre moat, dy't boppe-op 'e koai fallen is. Se swimt sân meter omheech, dêr't se ferbining kriget mei Taylor. Dy hjit har om yn 'e koai te bliuwen, want it is hjir al 'en duvel haaien. Hy warskôget har om net te besykjen en swim fluch nei it see-oerflak, mei't dat dekompresjesykte feroarsaakje kin, dat libbensgefaarlik is. Hy sil Javier mei in harpoengewear en in reservekeabel nei ûnderen ta stjoere om 'e koai wer op te hisen. Kate keart werom nei de koai om te wachtsjen, wat foar it gefoel fan 'e fammen in ivichheid duorret. Se wurde ferskate kearen oanfallen troch in reuseftige wite haai, dy't lykwols troch de koai net by harren komme kin.

Meitiid begjinne se yn 'e noed te sitten oer harren fluch minderjende soerstoffoarrie. Fral Kate hat net folle lucht mear oer, om't se troch de ynspanning fan har eardere swimtocht frijwat opbrûkt hat. As se yn 'e fierte it ljocht fan in bûslampe sjogge, dat mar net tichterby komt, beslút Lisa, dy't fierwei de measte lucht oer hat, om derhinne te swimmen. Underweis wurdt se ferskate kearen oanfallen troch in haai, mar se wit it bist te ûntwiken troch deunby de seeboaiem te bliuwen en beskûl te sykjen yn in ûndjippe grot. Troch de oanfal rekket Lisa desoriïntearre. Ynstee dat sy Javier fynt, fynt hy har. Wylst er har hjit om werom nei de koai te gean, wurdt er ynienen fan efteren grypt troch in grutte wite haai en deabiten. Lisa swimt nei it diel fan syn lichem ta dat op 'e seeboaiem bedarre is om it harpoengewear en de reservekeabel op te heljen. Dêrmei swimt se op oanwizing fan Kate fia de radioferbining yn it dûkmasker werom nei de koai.

Nei't de reservekeabel befêstige is, moat ien fan 'e fammen wer sân meter omheech swimme om dat oan Taylor troch te jaan. Neitiid wurdt de koai stadichoan ophelle om dekompresjesykte foar te kommen, mar de reservekeabel is raffelich en as se healwei it wetteroerflak binne, knapt er. De koai sakket wer werom yn 'e djipte en komt diskear op 'e seeboaiem op 'e side del, wêrby't Lisa mei har rjochterskonk ûnder de koai fêst komt te sitten. Kate swimt wer in stik omheech om Taylor te fertellen dat Lisa fêstsit en dat harren lucht oprekket. Hy seit ta folle soerstofflessen oerboard te goaien en fertelt dat er de kustwacht alarmearre hat, dy't in team hat dat spesjalisearre is yn djipseerêdings. Dat sil binnen in oere hjir wêze. Hy warskôget lykwols dat it oerstappen op in oare soerstofflesse sterk it gefaar op stikstofnarkoaze fergruttet, wat ta hallusinaasjes liede kin.

Kate ferlit neitiid op 'e nij de koai om 'e fan in flikkerljocht foarsjoene soerstofflessen op te heljen. Dêr sitte ek trije sinjaalfakkels by om 'e dûkers fan 'e kustwacht witte te litten wêr't se wêze moatte. As Kate wer by de koai komt, wurdt se op it lêste momint oanfallen en fuortsleept troch in haai. Lisa, dy't net fan har plak komme kin, brûkt de harpoen fan it harpoengewear om ien fan 'e soerstofflessen nei har ta te lûken. Mei gjin lucht mear yn har âlde flesse, ferfangt se dy troch de nije, wat se noch nea dien hat. Se moat dus al dwaande útsykje hoe't it moat. As se hast bewusteleas reitsje sil, kriget se einlings wer lucht. Koarte tiid letter kriget Lisa in radiosinjaal fan 'e deawaande Kate. Se leit swierferwûne troch de oanfal op 'e seeboaiem en har bloed lûkt mear haaien oan.

Lisa wit troch har trimfest ûnder de koai te stopjen en dan fol lucht rinne te litten, de koai safier omheech te krijen dat se har skonk befrije kin. Se swimt nei Kate ta en om't se der wis fan is dat dy deabliede sil as se net gau medyske help kriget, beslút se om mei har hiel stadich (om dekompresjesykte foar te kommen) nei it see-oerflak te swimmen. Dêrby brûke de susters de trije sinjaalfakkels om 'e haaien op in ôfstân te hâlden. As net fier fan it wetteroerflak de trêde fakkel opbrûkt is, litte se har soerstofflessen nei de djipte sakje, dêr't de haaien efteroan geane, wylst se sels halje-trawalje nei boppen swimme. As se oan it wetteroerflak komme, wurdt Kate oanfallen troch in haai, mar wit te ûntkommen. Foar't se oan board fan Taylor syn boat holpen wurde kinne, wurdt Lisa yn 'e skonk biten troch in haai dy't har mei de djipte yn skuorre wol. Se stekt lykwols har fingers yn syn each, wêrnei't er har los lit. Tegearre mei Kate wurdt se rêden troch Taylor, Luis en Benjamin.

 
Claire Holt.
 
Mandy Moore.

As se op it dek leit, begjint Lisa lykwols nuvere dingen te sjen, en se heart Taylor, dy't him oer har hinne bûcht, fia it radiosinjaal sizzen dat se hallusinearret fanwegen stikstofnarkoaze. Lisa komt wer ta harsels en beseft dat se noch altyd op 'e seeboaiem leit mei har skonk fêst ûnder de koai. Alles wat se belibbe tocht te hawwen nei't se fan soerstofflesse wiksele, wie in hallusinaasje. Wylst de dûkers fan 'e kustwacht har fine en befrije en meinimme nei it wetteroerflak, beseft Lisa dat Kate net by har is om't se de oanfal fan 'e haai net oerlibbe hat.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lisa Mandy Moore
Kate Claire Holt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Taylor Matthew Modine
Javier Chris J. Johnson
Luis Yani Gellman
Benjamin Santiago Segura

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

47 Meters Down wie in Amerikaansk-Britske ko-produksje dy't regissearre waard troch Johannes Roberts. Dyselde hie al ferskate oare horrorfilms op syn konto. Hy wurke nei in senario fan himsels en Ernest Riera. As produsinten wiene James Harris en Mark Lane by it projekt belutsen foar de filmstudio's The Fyzz Facility, Dragon Root, Flexibon Films, Lantica Pictures en Dimension Films. Foar de film wie in (foar moderne Amerikaanske mjitstêven tige leech) budget fan $5,3 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Silk, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch it duo Tomandandy. Hoewol't 47 Meters Down yn Meksiko spilet, fûnen de opnamen foar de film yn july en augustus 2015 plak yn 'e Dominikaanske Republyk, sawol op lokaasje as yn 'e Pinewood Studios yn dat lân.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan 47 Meters Down soe oarspronklik fersoarge wurde troch Dimension Films. Dat bedriuw woe de film direkt-op-fideo útbringe en hie in ferskiningsdatum steld fan 2 augustus 2016. Neffens in artikel yn it tydskrift Variety ferkocht Dimension lykwols op it lêste momint de distribúsjerjochten oan Entertainment Studios. De nije distributeur skraste de ferskiningsdatum en sette ynstee yn op in premiêre yn 'e bioskoop yn 'e simmer fan 2017.

De wurktitel fan 'e film wie 47 Meters Down, mar foar de publikaasje hie Dimension de namme feroare yn In the Deep ("Yn 'e Djipte"). Entertainment Studios draaide ek dat beslút werom, dat de film kaam wer 47 Meters Down te hjitten. Tsjin dy tiid wiene de dvd's fan 'e film ûnder de titel In the Deep al levere oan 'e winkels dêr't se ferkocht wurde soene, en hoewol't Entertainment Studios dy weromhelje liet, hiene guon ferkeapers har net holden oan 'e publikaasjedatum fan 2 augustus, sadat der in hantsjefol dvd's fan In the Deep yn omrin kommen wie. Dy binne neitiid opdûkt op ynternetferkeapsiden lykas eBay dêr't se te keap oanbean binne as sammeldersitems.

Uteinlik gie 47 Meters Down op 12 juny 2017 yn premiêre yn Los Angeles, wêrnei't de film op 16 juny iepene yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en op 26 july yn it Feriene Keninkryk.

47 Meters Down krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn it tydskrift Variety skreau Joe Leyden: "De foar it meastepart ûnder wetter spyljende skriller fan regisseur Johannes Roberts is in kompakte en stevich yninoar sette B-film dy't genôch skrikmominten en spanning opwekket om kwalifisearre te wurden as – no ja, miskien net in oangename ferrassing, mar teminsten in ridlik fermaakliken-ien."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie 47 Meters Down in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 154 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] giet mei syn eangstoanjeiend útgongspunt net sa fier as er gean moatten hie, mar de toskige antagonisten biede likegoed noch genôch spanning foar minder folle-easkjende horrorfans." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle 47 Meters Down in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 24 resinsjes.

47 Meters Down brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $44,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $17,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $61,7 miljoen. Ofset tsjin it lege budget fan $5,3 miljoen betsjut dat in winst fan $59,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It blêd Deadline Hollywood rûsde dat dêr sa'n $30 miljoen oan útjûn wie, sadat in skjinne winst fan $29,4 miljoen oerbleau. 47 Meters Down wie de op ien nei meast opbringende ûnôfhinklike film fan 2017, nei A Bad Moms Christmas.

47 Meters Down waard yn 2018 nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste horrorfilm.

It kommersjele súkses fan 47 Meters Down makke dat der yn 2019 in ferfolch op ferskynde, mei de titel 47 Meters Down: Uncaged. Dy film wie fan deselde produsinten, senarioskriuwers en regisseur, mar hie in folslein nije cast, mei û.o. John Corbett (bekend fan My Big Fat Greek Wedding) en Nia Long (bekend fan Made in America).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.