Afûk

(Trochferwiisd fan AFUK)

De Afûk (in letterwurd dat stiet foar Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje) is in kulturele ynstelling yn Ljouwert mei in ferskaat oan taken en projekten op it mêd fan ûnderwiis yn en oer it Frysk. De ynstelling waard yn 1925[1][2] troch in tal organisaasjes út de Fryske Beweging oprjochte. Yn 1928 folge der in yngeande reorganisaasje mei as resultaat in nije Afûk, dêr't doe ek it Selskip 1844 yn fertsjintwurdige wie.[2]

De meast yn it each rinnende funksjes fan de Afûk binne dy fan boekhannel en kursusynstitút. De Afûk ferkeapet benammen boeken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer en hat ek in lyts oanbod fan lûddragers (cd's).

De Afûk is ek útjouwer. Alle jierren wurde tsientallen boeken útbrocht. Dêrûnder binne in soad learmiddels oer de Fryske taal, kultuer en skiednis, mar ek Frysktalige romans en berneboeken. De Afûk is ek útjouwer fan it opinyblêd De Moanne, it ûnderwiistydskrift De Pompeblêden en it opfiedingstydskrift Heit & Mem.

By de Afûk as kursusynstitút giet it benammen om saken dy't Fryslân syn taal en kultuer oanbelangje. Dêrûnder binne stoomkursussen Frysk op Skylge, kursussen om it Frysk ferstean en praten te learen, kursussen stavering, skriuwfeardigens, skiednis en Aldfrysk.

De Afûk beskikt ek oer in taaladvysburo, it stipepunt Frysk en in oersetôfdieling, foar bedriuwen, oerheden en partikulieren.

Fierder wurket de Afûk oan learplanûntwikkeling, sawol foar de eigen kursussen as foar it Fryske taal- en kultuerûnderwiis op skoallen. Foar it basisûnderwiis joech de Afûk yn 2006 de lesmetoade Studio F út en foar it fuortset ûnderwiis de metoade Freemwurk.

De Afûk docht ek oan stimulearringsregelingen foar begjinnende Fryske skriuwers. Yn 2004 hat de Afûk yn gearwurking mei it ynternettydskrift Doar de Junior Rely ynsteld, in skriuwerspriis foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis.

Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt Tomke oer it meartalich grutbringen fan bern en yn gearwurking mei Omrop Fryslân oan de tillefyzjetaalkwis Tûkelteammen. Yn 2004 hat de Afûk it projekt Frysk Erfskip tawiisd krigen.

Yn 2006 is úteinset mei it stal jaan fan it projekt Edufrysk, Frysk leare fia ynternet. Yn 2007 is dêrfoar in pilot opset. Yn 2008 binne se úteinset mei it projekt. De earste berjochten binne hiel positief, minsken fine it aardich en dogge graach mei.

De namme Afûk wie oarspronklik de ôfkoarting fan Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje. Mei it tanimmen fan it tal fan funksjes en it him ûntjaan fan in reewilligersorganisaasje nei ien mei (mear) betelle meiwurkers is de ôfkoarting in namme wurden. Yn 1938 hat de Fryske Akademy him as in selsstannige organisaasje fan de Afûk losmakke.

Nei jierren oan Achter de Hoven sitten te hawwen, sit de Afûk no oan de Bûterhoeke yn Ljouwert, njonken it pân fan Tresoar.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje.
  2. 2,0 2,1 Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981, 3e printinge (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.