Abraham Kuyper
Abraham Kuyper (Maassluis, 29 oktober 1837 – De Haach, 8 novimber 1920) wie in Nederlânsk teolooch, predikant, steatsman en sjoernalist.
Abraham Kuyper | ||
politikus | ||
Abraham Kuyper | ||
echte namme | Abraham Kuyper | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 29 oktober 1837 | |
berteplak | Maassluis | |
stjerdatum | 8 novimber 1920 | |
stjerplak | De Haach | |
partij | ARP | |
Nederlânsk minister fan Binnenlânske saken | ||
amtsperioade | 1901-1905 | |
foargonger | Hendrik Goeman Borgesius | |
opfolger | Pieter Rink |
Kuyper wie oprjochter fan de earste politike partij yn Nederlân, de ARP, stifter fan de Frije Universiteit en droech by oan de foarming fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en wie fan 1901 oant 1905 earste minister.
Gronologysk oersjoch
bewurkje seksjeJier | Barren |
---|---|
1837 | 29 oktober: Abraham Kuyper wurdt berne yn Maassluis |
1855 | stúdzje teology en klassike talen oan de Universiteit Leien (promovearre yn de teology yn 1862) |
1863 | 1 july: houlik mei Johanna Hendrika Schaaij |
1863 | wurdt beroppen as predikant te Beesd (Betuwe) |
1867 | wurdt predikant te Utert |
1870 | wurdt predikant te Amsterdam |
1872 | rjochtet it deiblêd De Standaard op, dêr't er oant 1920 haadredakteur bliuwt |
1874 | wurdt keazen as lid fan de Twadde Keamer foar de anti-revolúsjonêren |
1877 | ferlit de Twadde Keamer |
1878 | spilet in wichtige rol bij het petitsjonnemint tsjin de skoallewet fan Jan Kappeyne van de Coppello en by it stypjen fan it bysûnder ûnderwiis; rjochtet de Vereeniging voor Hooger Onderwijs op Gereformeerden Grondslag op |
1879 | rjochtet de Anti Revolúsjonêre Partij (ARP) op |
1880 | stichtet de Frije Universiteit te Amsterdam |
1886 | jout lieding oan de beweging dy't him yn de Doleânsje ôfsplisse fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, wat it ûntstean fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (Dolearende) fan gefolgen hie. Dizze fusearre yn 1892 mei de Kristlik Grifformearde Tsjerke ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân |
1891 | sprekt de iepeningsrede út op it Kristlik Sosjaal Kongres fan it Nederlandsch Werkliedenverbond Patrimonium |
1894 | Kuyper wurdt op 'en nij yn de Twadde Keamer keazen |
1901 | nei in ferkiezingsoerwinning fan de katoliken en anti-revolúsjonêren foarmet Kuyper it Kabinet-Kuyper |
1903 | Kabinet-Kuyper komt fanwegen tsjin de Spoarstakings fan 1903 |
1905 | 'rjochts' ferliest de ferkiezingen; Kuyper komt net werom yn de Keamer |
1909 | yn de lintsjesaffêre docht bliken dat ien, dy't op foarspraak fan Kuyper in ûnderskieding krige hie, yn 1903 jild yn de ARP-partijkas stoart hie. |
1920 | 8 novimber: Kuyper komt te ferstjerren en wurdt beïerdige te De Haach |
Kuyper syn húshâlding
bewurkje seksjeKuyper troude op 1 july 1863 mei Johanna Hendrika Schaay (1842-1899). Der waarden acht bern berne, ien stoar yn de bernejierren:
- Herman Huber Kuyper (1864-1945), heechlearaar tsjerkerjocht oan de Frije Universiteit, lid synoade fan de Grifformearde Tsjerke
- Jan Frederik Hendrik Kuyper (1866-1933), toskedokter yn Nederlânsk-Ynje
- Henriëtte Sophia Suzanna Kuyper (1870-1933), earepresidinte Bond van Meisjesvereenigingen op Gereformeerden Grondslag, haadredaktrise Bouwen en Bewaren (bûnssorgaan)
- Abraham Kuyper Jr. (1872-1941), grifformeard predikant
- Johanna Hendrika Kuyper (1875-1948), ferpleechster yn sikehûs fan de grifformearde sindeling-arts J.G. Scheurer te Djokjakarta, haadredaktrise Bouwen en Bewaren (bûnsorgaan)
- Catharina Maria Eunice Kuyper (1876-1955), ferpleechster
- Guillaume Kuyper (1878-1941), antirevolúsjonêr boargemaster
- Levinus Willem Christiaan Kuyper (1882-1892)
Utsein de twadde soan (dy't teosoof waard) hawwe alle bern fan Abraham Kuyper in rol spile yn de pylder fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
Wurk
bewurkje seksje- De Christus en de sociale nooden en democratische klippen - Amsterdam
- Het Calvinisme, oorsprong en waarborg van onze constitutionele vrijheden. een Nederlandse gedachte. Amsterdam 1874.
- Antirevolutionair óók in uw Huisgezin. Amsterdam 1880.
- Het Sociale Vraagstuk en de Christelijke religie - Rede by de iepening fan it Sosjaal-Kongres op 9 novimber 1891.
- De gemene gratie
- Pro Rege
- Het Calvinisme - Seis lêzingen, de saneamde 'Stone-lezingen', dy't Kuyper yn oktober 1898 te Princeton (Feriene Steaten) hold.
- Antirevolutionaire Staatkunde ( twa dielen, 1916-1917 )
- Bilderdijk in zijn nationale betekenis
- Onze Eeredienst
- Geen vergeefs woord - Samle Deputaten-Redevoeringen
- Vrouwen uit de Heilige Schrift
- Voor een distel een mirt ( deiboek )
- Gomer voor den Sabbath ( deiboek )
- Om de oude wereldzee ( twa dielen )
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Abraham Kuyper, Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland, auteur Herman Langeveld
- Dr. A. Kuyper, biografy op www.parlement.com
- www.neocalvinisme.nl
- Eftergrûnen by de spoarstaking fan 1903
- VPRO's Andere Tijden oer de Lintsjesaffêre van 1909
- Biografy fan Kuyper yn it Biografysk Wurdboek fan Nederlân
- Historisch Documentatiecentrum voor het Nederlands Protestantisme (beheart it argyf fan Abraham Kuyper) (Inventaris (PDF-formaat))