Anne Jousma (Grins, 3 maart 1900 - De Haach, 22 july 1981) wie learaar en Frysk skriuwer.

Anne Jousma
skriuwer
Anne Jousma as jongkeardel
Anne Jousma as jongkeardel
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 3 maart 1900
berteplak Grins
stoarn 22 july 1981
stjerplak De Haach
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
prizen Rely Jorritsmapriis (8 kear)
jierren aktyf 1940-1981
offisjele webside
gjin

Anne Jousma waard berne yn Grins as soan fan timmerman Jan Annes Jousma en Geartsje Wessels Rozendaal fan Easternijtsjerk. Syn heit wurke doe yn Grins oan de bou fan de wyk Helpman. In pear moanne letter ferhuzen syn âlden werom nei Easternijtsjerk, dêr’t er opgroeide. Hy wie iennichst bern.

Fan 1915 oant 1919 learde er oan de rykskweekskoalle fan Grins ta ûnderwizer. Yn 1924 troude er mei Aukje Mook (Wommels, 1904 - De Haach, 1979), tegearre krigen se twa dochters, Anna en Geartsje, dy't beide ek yn it ûnderwiis bedarren.
Hy stie oan skoalle yn Lunteren, Aldtsjerk, Alddyk ûnder Sint Jabik en fan 1929 oant syn pinsjoen yn 1965, yn De Haach. Yn De Haach hat er oan in pear muloskoallen les jûn yn ferskate fakken, letter wie er haad fan in mulo.

Jousma kaam te hôf yn Nijtsjerk, op syn grêfstien stiet:

"By dizze kant'ge toer
ha'k boarte as bern;
Om fierrens moast myn
libbenstiid ferrinne.
no moast ik fier oer
fierste grinzen tsjen;
wer soe myn omskot
better rêste kinne?".
Poëzij
  • 1940 : Kimelûd
  • 1963 : It twadde lân (samling fersen)
  • 1965 : Tweede stem (Hollânsktalige gedichten, yn eigen behear útjûn)
  • 1969 : Redbad (fersen)
  • 1971 : Nijtsjerkster lûden
  • 1974 : De profeet (Hollânsktalige gedichten)
  • 1976 : Libbensgong
  • 1976 : Kleiliet om Auk. In requem
  • 1980 : Forballe/Verbannen. Fersen/gedichten (Yn eigen behear, net útjûn)
Proaza
  • 1968 : Faes efter glês
  • 1974 : Dûmnys twilling
  • 1975 : Wibe professor
  • 1980 : Dêr’t de woartels lizze (autobiografy)
  • 1981 : De pleats oan ‘e feart
  • 1955 - Rely Jorritsmapriis (fers: Trije roundielen)
  • 1956 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De mantel fan de profeet)
  • 1956 : Rely Jorritsmapriis (fers: It sil allegearre wol gewoan wêze)
  • 1958 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Goadejefte)
  • 1961 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Reis nei Switserlân)
  • 1961 : Rely Jorritsmapriis (fers: Redbads dea)
  • 1964 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: In snein)
  • 1965 : Rely Jorritsmapriis (fers: Sawn kwatrinen)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: