Armand Tuffin de la Rouërie
Armand Tuffin de la Rouërie (folút: Charles Armand Tuffin markys de la Rouërie; Fougères, 13 april 1751 – Lamballe, 30 jannewaris 1793) wie in timperamintfol Frânsk ealman en militêr fan etnysk Bretonsk komôf. Nei in ûnlijige jonkheid focht er oan 'e kant fan 'e opstannelingen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch en kaam dêrtroch yn 'e Feriene Steaten bekend te stean ûnder de bynamme kolonel Armand. Nei it Belis fan Yorktown waard er befoardere ta de rang fan brigadegeneraal. Werom yn Frankryk tsjinne er yn it leger fan it Keninkryk Frankryk. Doe't it belied fan kening Loadewyk XVI almar sintralistysker waard en derop rjochte wie om 'e âlde foarmen fan selsbestjoer fan bûtengewesten lykas Bretanje ôf te pakken, kante La Rouërie him dêrstsjin oan. Sadwaande ferwolkomme er de Frânske Revolúsje fan 1789 earst, mar al rillegau die bliken dat de revolúsjonêren deselde sintralistyske ideeën hiene as de kening. Yn 1792 en 1793 wie La Rouërie dêrom ien fan 'e lieders fan 'e Chouannerie, in Bretonske opstân tsjin it nije rezjym. Hy ferstoar foar de ein fan 'e rebûlje oan longûntstekking.
Armand Tuffin de la Rouërie | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Charles Armand Tuffin markys de la Rouërie | |
bynamme | kolonel Armand | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 13 april 1751 | |
berteplak | Fougères (Bretanje) | |
stoarn | 30 jannewaris 1793 | |
stjerplak | Lamballe (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1771 – 1793 | |
yn tsjinst fan | Ken. Frankryk (1771-1776) Feriene Steaten (1776-1783) Ken. Frankryk (1784-1788) Bretonske Fer. (1792-1793) | |
legerûnderdiel | lânmacht | |
heechste rang | brigadegeneraal (sûnt 1783) | |
befel | Pułaski's Legioen Armands Legioen Bretonske Feriening | |
konflikt(en) | Am. Unôfhinklikensoarloch Chouannerie | |
treffen(s) | Fjildtocht fan New York en Nij-Jersey Slach by Monmouth Slach by Short Hills Slach oan de Brandywine Slach by Whitemarsh Fjildtocht yn Firginia Belis fan Yorktown | |
ûnderskiedings | Oarder fan Loadewyk de Hillige |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeLa Rouërie kaam út in âld aadlik slachte út Bretanje en waard yn 1751 berne yn Fougères. Syn ûnlijige en gauris opstannige jonkheid brocht er yn Versailles troch oan it hof fan kening Loadewyk XVI fan Frankryk. La Rouërie wie al fan bern ôf oan foarbestimd foar in militêre karriêre en naam as jongfeint tsjinst as ofsier by de Frânske Garde, ien fan 'e liifgardes fan 'e Frânske keningen. Hy rekke smoarfereale op in jonge toanielspylster, dy't bekendstie ûnder har artystenamme Mademoiselle Fleury (echte namme: Marie-Anne-Florence Bernardy-Nones), mar syn bedoeling om mei har te trouwen waard dwerseide troch in rivaal, de greve fan Boerbon-Busset. Mei him focht La Rouërie om dy reden in duël út, in aktiviteit dy't yllegaal wie. Hy foel dêrom by de kening yn ûngenede en waard ûnearfol ûntslein út 'e Frânske Garde. Dêrop gied er nei de abdij fan La Trappe om te stjerren, wat er berikke woe troch gif yn te nimmen. Freonen dy't him yn 'e rekken holden, wisten dat foar te kommen, wêrnei't syn famylje him nei it lângoed yn Fougères stjoerde, dêr't er lykwols net lang bleau.
Yn Amerikaanske tsjinst
bewurkje seksjeTsjin 'e ein fan 1776 sette La Rouërie ôf nei de Nije Wrâld yn in skip dat út 'e haven fan Nantes ôfsette. Syn bedoeling wie om him by de Amerikaanske opstannelingen yn 'e Britske koloanjes yn Noard-Amearika te jaan, dy't it yn 'e kant set hiene tsjin 'e koloniale machthawwer. De Morris, sa't it skip hiet, waard lykwols by oankomst foar de kust fan Delaware oanfallen troch trije Britske oarlochsskippen en ta sinken brocht yn 'e Chesapeakebaai. La Rouërie oerlibbe dy konfrontaasje en wist swimmend oan lân te kommen, sij it poerlike neaken, en mei mar trije oerlibjende tsjinstfeinten.
Neitiid naam La Rouërie tsjinst yn it Kontinintale Leger fan 'e Amerikaanske generaal George Washington, dy't him útstjoerde om mear útlânske frijwilligers te rekrutearjen. Harren soldij betelle er út eigen bûse. Al rillegau kaam er bekend te stean ûnder de bynamme "Kolonel Armand". Hy tsjinne by Pułaski's Legioen, dat ferneamd wie nei syn earste kommandant, de Poalske generaal Kazimierz Pułaski. Nei dy syn dea, ein 1779, krige it de namme fan it 1e Partizanekorps, mar ynformeel waard it neitiid oantsjut as Armands Legioen. It wie in soarte fan frjemdlingelegioen, dat bestie út sawol ynfantery as kavalery en dat wikseljend trije oant fiif kompanjyen sterk wie.
Yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch focht La Rouërie mei yn 'e Fjildtocht fan New York en Nij-Jersey, de Slach by Monmouth, de Slach by Short Hills, de Slach oan 'e Brandywine, de Slach by Whitemarsh, de Fjildtocht yn Firginia en it Belis fan Yorktown. Yn 1781 kearde er tydlik werom nei Frankryk om syn troepen op 'e nij ta te rissen. Wylst er dêr wie, waard er foar syn tsjinst yn 'e striid tsjin 'e Britten, dy't de erffijân fan 'e Frânsen wiene, troch kening Loadewyk XVI beneamd ta ridder yn 'e Oarder fan Loadewyk de Hillige. Op 26 maart 1783, tsjin 'e ein fan 'e oarloch, waard La Rouërie befoardere ta brigadegeneraal yn it Amerikaanske Leger.
Nei't de fijannichheden beëinige wiene, swaaide La Rouërie op 25 novimber fan dat jier út it leger ôf. Hy kearde yn 'e simmer fan 1784 werom nei Frankryk en bleau neitiid altyd befreone mei George Washington, mei wa't er in libbene briefkerij ûnderhold. Yn 'e historiografy fan 'e Feriene Steaten stiet La Rouërie, nettsjinsteande syn ynset foar de Amerikaanske saak, sterk yn it skaad fan syn lângenoat Gilbert du Motier de la Fayette.
Politike bemuoienissen yn Frankryk
bewurkje seksjeWerom yn Frankryk naam La Rouërie tsjinst yn it Frânske leger. Yn 1785 troude er mei de rike markizinne Louise-Caroline Guérin de Saint-Brice. Koarte tiid letter, doe't syn frou geastlik ynstoarte, waard hja behannele troch dokter Valentin Chevetel, mei wa't La Rouërie befreone rekke mei't de beide mannen deselde liberale politike ideeën blieken te dielen. Dy ideeën holden ek de restauraasje fan 'e rjochten yn dy't de provinsje Bretanje taparte wiene by de anneksaasje troch Frankryk yn 1532.
Doe't yn 'e oanrin nei de revolúsje it belied fan kening Loadewyk XVI almar sintralistysker waard, wat yn it neidiel gie fan it selsbestjoer fan 'e provinsjes, wurp La Rouërie him dan ek op as in foarfjochter fan 'e adel en de stannen fan Bretanje yn harren wrakseling mei it regear yn Parys. Yn 1787 wied er ien fan tolve ôffurdigen dy't troch de stannen fan Bretanje nei kening Loadewyk XVI ta stjoerd waarden mei in petysje foar de restauraasje fan 'e âlde privileezjes fan 'e provinsje Bretanje. Yn 1788 bea de kening him in promoasje oan, mar út ûnfrede oer de politike gong fan saken betanke La Rouërie dêrfoar en joech syn militêre funksjes op. Dêrop waard er op 15 july fan dat jier finzen set yn 'e Bastille, in berucht tichthûs yn Parys, wat him de status fan folksheld joech. In foege moanne letter kaam er frij, mar hy wegere en jou syn politike ideälen op.
Doe't it folgjende jier, yn 1789, de Franske Revolúsje útbriek, ferwolkomme La Rouërie dy ûntwikkeling yn 't earstoan, mar yn 'e gearkomste fan 'e Frânske Steaten-Generaal fan 1789 wied er skandalisearre doe't de adel syn privileezjes opjoech yn it foardiel fan 'e pretinsjes fan 'e boargerij. Dêrop lokke er in wegering fan 'e Bretonske adel út om fertsjintwurdigers nei de Steaten-Generaal te stjoeren; ynstee waard in brief stjoerd, ûndertekene yn it bloed fan 'e skriuwers, wêryn't in formeel protest oantekene waard tsjin 'e anty-monargistyske fernijings.
De Chouannerie
bewurkje seksjeYn Bretanje wie La Rouërie ien fan 'e ierste lieders fan 'e saneamde Bretonske Feriening, in organisaasje fan foar it meastepart eallju, dy't oarspronklik bedoeld wie as mienskiplik front tsjin 'e strûkrôvers en oare kriminelen dy't besochten te profitearjen fan 'e maatskiplike gaos feroarsake troch de revolúsje. Doe't it republikanisme fan it nije regear yn Parys lykwols almar ekstremer waard, radikalisearre as reäksje dêrop ek de Bretonske Feriening ta in soarte fan geheim genoatskip dat yn Bretanje in algemiene opstân tsjin it revolúsjonêre regear tarette. Dêrby krigen La Rouërie-en-dy fia de Britske Kanaaleilannen stipe út it bûtenlân. Sa waarden û.m. 6.600 gewearen, fjouwer kanonnen en foarrieden buskrûd levere. Mei de ûnderfining dy't er opdien hie yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch wie La Rouërie de oanwiisde persoan om 'e militêre struktuer fan 'e Bretonske Feriening stal te jaan. Dat died er sûnder rekken te hâlden mei de aadlike of boargerlike stân fan 'e dielnimmers. Dus as in boarger in bettere ofsier wêze soe as in ealman, makke er de boarger ofsier en de ealman net. Yn dy tiid wie dat op himsels al in revolúsjonêre gong fan saken.
Doe't op 20 april 1792 de Earste Koälysjeoarloch útbriek tusken revolúsjonêr Frankryk oan 'e iene kant en it Hillige Roomske Ryk, it Aartshartochdom Eastenryk en it Keninkryk Prusen oan 'e oare kant, wie de Bretonske Feriening ree om 10.000 man yn it fjild te bringen tsjin it regear yn Parys. De opstân, dy't bekend kaam te stean as de Chouannerie, begûn yn augustus fan dat jier en draaide út op in guerriljaoarloch. La Rouërie, dy't tsjin dy tiid as lânferrieder socht waard troch de revolúsjonêre autoriteiten, swalke ûnder de skûlnamme Gasselin troch Bretanje om 'e striid te koördinearjen. Mids jannewaris 1793 rûn er by snie en kjeld yn 'e omkriten fan Saint-Denoual in longûntstekking op. Hy waard troch de markys fan La Guyomar foar de revolúsjonêre Nasjonale Garde ferburgen holden yn syn kastiel yn it doarpke Lamballe, en letter op 'e pleats Gouhandais, in pear hûndert meter fan it kastiel ôf. De Nasjonale Garde trochsocht it kastiel, mar fûn neat. It gesleep mei wat in slim siik man wie, waard La Rouërie lykwols net better fan, en op 30 jannewaris beswiek er oan syn oandwaning.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |