Begraffenis
In begraffenis of beïerdiging is in foarm fan lykbesoarging wêrby't in koartlyn ferstoarne persoan op in tsjerkhôf of oar begraafplak yn in gat lein wurdt dat yn 'e grûn útgroeven is (it grêf), om dêrnei mei ierde bedutsen te wurden. De term beïerdiging wurdt yn 'e regel as synonym mei begraffenis beskôge, mar eins omfiemet it begryp 'begraffenis' ek de byhearrende útfeartplechtichheid, wylst de beïerdiging inkeld en allinne it begraven fan it stoflik omskot ynhâldt. De begraffenis wurdt faak as tsjinsteld beskôge oan 'e kremaasje, wêrby't it stoflik omskot fan 'e ferstoarne ferbaarnd wurdt.
Argeologyske fynsten bewize dat de minske syn deaden al teminsten 100.000 jier begraaft. It begraffenisritueel wurdt faak sjoen as in utering fan respekt foar de ferstoarne. Praktysk sjoen is it bedoeld om 'e ûntbining fan it lichem oan it each te ûntlûken en om 'e djipdrôven in foarm fan ôfsluting te jaan. Yn it ferlingde dêrfan hawwe begraffenissen faak in religieuze lading, mei't se yn in protte kultueren sjoen wurde as in ûnmisbere stap foar de deade om it hjirneimels te berikken.
Der besteane ferskate metoaden fan it begraven fan 'e deaden, wêrûnder it balsemjen en/of mummifisearjen fan it stoflik omskot; de saneamde natuerlike begraffenis (of 'griene begraffenis'); en it brûken fan deakleden, deakisten of grêftomben. Soms wurde foarwerpen by de deade yn it grêf lein en meibegroeven, lykas funerêre keunst of grêfjeften. It stoflik omskot wurdt soms yn syn of har moaiste pronk oanklaaid, mar soms ek krekt fan alle pronk ûntdien. Soks is ôfhinklik fan 'e oangeande kultuer, en dy hat ek in grutte ynfloed op 'e posysje wêryn't it stoflik omskot yn it grêf pleatst wurdt. Boppe-op it tichte grêf wurdt ornaris ien of oar tinkteken oprjochte, lykas in krús of in grêfsark.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - begraffenis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.
|