Beurs- en Waachgebou (Ljouwert)
(Trochferwiisd fan Beurs en waachgebou (Ljouwert))
It Beurs- en Waachgebou is in earder beursgebou en in eardere waach yn Ljouwert, datearjend út 1880.
It neoklassisistyske gebou oan de Wurdumerdyk is in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Adrianus Romein. Fan him binne ek oare neoklassisistyske gebouwen, lykas it Paleis fan Justysje en de Rotondetsjerke yn Terbant. It ûnderste part, de waach, naam de waachfunksje oer fan de waach oan it Waachplein út 1590.
Yn de jierren '80 fan de 20e iuw krige it gebou de funksje fan iepenbiere bibleteek. Nei't de bibleteek yn 2018 nei de Blokhúspoarte ferhuze, kaam de Kampus Fryslân fan 'e Ryksuniversiteit Grins yn it Beurs- en Waachgebou.
-
Ynterieur, ferdjipping yn 1979
-
Ynterieur, hal yn 1979
-
Ynterieur, trep yn 1979