Bill Clinton
Bill Clinton, folút William Jefferson Clinton, en berne as William Jefferson Blythe III (Hope (Arkansas), 19 augustus 1946), is in Amerikaansk Demokratysk politikus, dy't fan 1993 oant 2001 de 42ste presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid hied er steatsminister fan Justysje en gûverneur fan 'e steat Arkansas west. Hy wie de earste baptistyske en ek de earste nei de Twadde Wrâldoarloch berne Amerikaanske presidint, en wie tige populêr ûnder de Demokraten en tige hate ûnder de Republikeinen.
Bill Clinton | ||
politikus | ||
echte namme | William Jefferson Clinton | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 19 augustus 1946 | |
berteplak | Hope (Arkansas) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
partij | Demokratyske Partij | |
prizen | Grammy Award 2004 Pres. Frijheidsmedalje 2013 | |
Presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1993 – 2001 | |
foargonger | George H.W. Bush | |
opfolger | George W. Bush | |
(42ste) Gûverneur fan Arkansas | ||
amtsperioade | 1983 – 1993 | |
foargonger | Frank D. White | |
opfolger | Jim Guy Tucker | |
(40ste) Gûverneur fan Arkansas | ||
amtsperioade | 1979 – 1981 | |
foargonger | Joe Purcell | |
opfolger | Frank D. White | |
Minister fan Justysje fan Arkansas | ||
amtsperioade | 1977 – 1979 | |
foargonger | Jim Guy Tucker | |
opfolger | Steve Clark |
Under syn regear fierde Clinton binnenlânske herfoarmings troch, en op bûtenlânsk mêd hied er te krijen mei it fiasko fan 'e Amerikaanske fredesmissy yn Somaalje, de earste oanslaggen fan Al-Qaida, en de Joegoslavyske Oarloggen, dy't úteinlik laten ta syn militêr yngripen yn Kosovo. Syn presidintskip waard wat bedoarn troch it langrinnende Lewinsky-skandaal, feroarsake troch syn seksuële omgong mei Monica Lewinsky, in stazjêre yn it Wite Hûs. Clinton is troud mei Hillary Rodham Clinton, dy't nei ôfrin fan syn presidintskip in eigen politike karriêre begûn en senator en minister fan Bûtenlânske Saken wie.
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en komôf
bewurkje seksjeClinton waard yn 1946 berne yn it plakje Hope, yn 'e súdlike steat Arkansas, yn it pleatslike sikehûs. Syn âldelju wiene William Jefferson Blythe jr., in omreizgjend ferkeaper dy't in fearnsjier foar Clinton syn berte dea rekke by in ferkearsûngemak, en dy syn frou Virginia Dell Cassidy (1923-1994), dy't koart nei syn berte nei New Orleans ta sette om dêr in oplieding ta ferpleechster te folgjen. Clinton bleau yn Hope efter op 'e noed fan syn pake en beppe, Eldridge en Edith Cassidy, dy't in lytse krudenierswinkel hiene dêr't se waren op 'e pof ferkochten oan lju fan alle rassen, nettsjinsteande it feit dat doedestiden yn it Amerikaanske Suden de rasseskieding noch fan krêft wie.
Doe't Clinton fjouwer jier wie, kearde syn mem werom nei Arkansas, en wertroude se mei in Roger Clinton sr., mei wa't se har nei wenjen sette yn it plak Hot Springs, dêr't har nije man mei syn broer in autosaak hie. Hoewol't Clinton fan dy tiid ôf de namme fan syn styfheit brûkte, liet er syn efternamme pas formeel feroarje yn 1961, doe't er fyftjin jier wie. Neffens syn eigen sizzen wie syn styfheit in gokker en in alkoholist, dy't sawol syn mem as syn jongere healbroer Roger Clinton jr. geregeldwei sa slim mishannele dat Bill Clinton sels as opslûpen jonge mei de fûsten tuskenbeiden komme moast.
Oplieding en trouwen
bewurkje seksjeClinton gie yn Hot Springs nei de legere en de middelbere skoalle, dêr't er û.m. saksofoanles folge en letter yn 'e skoalband spile. As jonge fan sechstjin brocht er yn 1963 as fertsjintwurdiger fan syn skoalle in besyk oan it Wite Hûs, dêr't er presidint John F. Kennedy mette; datselde jiers harke er nei de I Have a Dream-taspraak fan 'e swarte boargerrjochtelieder Martin Luther King, dêr't er sa fan ûnder de yndruk rekke, dat er him letter yn syn folsleinens út 'e holle learde. Dy beide foarfallen makken dat Clinton besleat om yn 'e polityk te gean. Hy wist in stúdzjebeurs te bemachtigjen om oan 'e ferneamde Georgetown Universiteit yn Washington, D.C. te studearjen, dêr't er yn 1968 in bachelorstitel bûtenlânske wittenskippen behelle. De simmer fan 1967 brocht er troch mei as stazjêr te wurkjen foar senator J. William Fulbright fan Arkansas.
Mei in nije stúdzjebeurs gied er nei de Britske Universiteit fan Oxford, dêr't er filosofy, polityk en ekonomy (ien kombinearre oplieding) studearre. Clinton syn politike tsjinstanners beweare dat er yn dyselde snuorje de politike ynfloed fan senator Fulbright brûkte om syn tsjinstplicht yn 'e Fjetnamoarloch te ûntdûken. Dêr sit in kearn fan wierheid yn (Fulbright skynt yndie kontakt opnommen te hawwen mei de Amerikaanske Striidkrêften om Clinton út 'e wyn te hâlden), en al moat sein wurde dat Clinton neat yllegaals ûndernommen hat, moreel sjoen wie it net sjyk, wat er die. Nei't er weromkeard wie út Jeropa, learde Clinton fierder oan 'e rjochteskoalle fan 'e prestizjeuze Universiteit fan Yale, yn New Haven, dêr't er syn stúdzje yn 1973 beëinige as master yn de rjochten.
Underwilens wied er yn 1971 yn ien fan 'e bibleteken fan Yale yn 'e kunde kommen mei Hillary Rodham, dy't ek rjochten studearre. Hja krigen wat mei-inoar en wiene al gau ûnskiedber. Se trouden op 11 oktober 1975, en krigen ien bern, in dochter, Chelsea Clinton, dy't berne waard op 27 febrewaris 1980.
Iere politike karriêre
bewurkje seksjeNei't er ôfstudearre wie oan Yale kearde Clinton werom nei Arkansas, dêr't er heechlearaar rjochten waard oan 'e Universiteit fan Arkansas, yn Fayetteville. Yn 1974 stelde er him foar de Demokratyske Partij kandidaat foar it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, mar hy waard ferslein troch it sittende Republikeinske kongreslid John Paul Hammerschmidt. Twa jier letter, yn 1976, wûn Clinton lykwols de ferkiezing ta steatsminister fan Justysje fan Arkansas. Dat amt ferfolle er fan 1977 oant 1979. Yn 1978 stelde er him kandidaat foar it gûverneurskip fan Arkansas, en ek dy ferkiezings wûn er, sadat er fan 1979 oant 1981 de 40ste gûverneur fan syn thússteat wie (en teffens, mei 32 jier, de jongste gûverneur fan it lân).
As gûverneur lei Clinton him fral ta op herfoarming fan it ûnderwiis en fernijing fan it wegenetwurk fan Arkansas. De ynfiering fan in ympopulêre belesting op auto's en algemiene lulkens oer de ûntsnapping, yn 1980, fan Kubaanske flechtlingen (fan 'e Boatekrisis fan Mariel) dy't fêstholden waarden yn Fort Chaffee, makke lykwols dat Clinton de gûverneursferkiezings fan 1980 ferlear oan syn Republikeinske útdager Frank D. White. Sa waard Clinton ek de jongste âld-gûverneur yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten. Fan 1981 oant 1983 wied er wurksum by in abbekatekantoar yn Little Rock, mar yn 1982 waard er werkeazen as gûverneur, sadat er fan 1983 oant 1992 3½ termyn lang de 42ste gûverneur fan Arkansas wie (begjinnend yn 1987 waard de amtstermyn fan 'e Arkansaanske gûverneur ferlinge fan twa oant fjouwer jier). Under syn twadde gûverneurskip wiene Clinton en de frou behelle yn twifelige saaklike oerienkomsten dy't letter ta it Whitewater-skandaal laten, dat harren har hiele politike karriêre efterfolgje soe. Nei't der ferskate jierren lang djipgeand ûndersyk nei dien wie, besleat it Iepenbier Ministearje lykwols om yn dy saak gjin oanklachten tsjin 'e Clintons yn te bringen.
Presidintskip
bewurkje seksjeBy de presidintsferkiezings fan 1992 besleat Clinton himsels kandidaat te stellen foar dat alderheechste Amerikaanske amt, dat fan presidint. Yn 'e foarferkiezings fan syn partij wist er frij ferrassend de Demokratyske nominaasje te bemachtigjen, sadat er it by de eigentlike ferkiezings opnimme koe tsjin 'e sittende Republikeinske presidint George H.W. Bush. Dy hie de kiezers by de presidintsferkiezings fjouwer jier earder mei de legindaryske wurden "Read my lips: no new taxes!" ("Lês myn lippen: gjin nije belestingen!") ûnthjitten dat er gjin nije belestings ynfiere soe, mar hie dat ûnthjit letter brutsen. De garismatyske Clinton helle dit sitaat de hiele kampanje troch te pas en te ûnpas oan, en yn 'e mande mei de swakke steat fan 'e ekonomy wie dat genôch om him oan 'e ferkiezingsoerwinning te helpen. Sa waard Clinton de 42ste presidint fan 'e Feriene Steaten, in amt dat er fan 1993 oant 2001 ferfolle (syn twadde termyn wûn er yn 1996, troch syn Republikeinske útdager Bob Dole te ferslaan).
Binnenlânsk belied
bewurkje seksjeAs presidint besocht Clinton it Amerikaanske begruttingstekoart werom te bringen troch de belestings foar de rykste 1,2% fan 'e Amerikanen te ferheegjen, wylst er de belestings foar de alderearmsten en foar lytse ûndernimmers krekt ferlege. Dêrfoar krige er gjin inkele stipe fan 'e Republikeinen, mar om't de Demokraten yn 'e earste jierren fan syn presidintskip in mearderheid yn 'e beide huzen fan it Amerikaanske Kongres hiene, koed er dit plan dochs trochfiere. Fierders besocht Clinton syn hiele presidintskip lang om 'e Amerikaanske sûnenssoarch te herfoarmjen, in projekt dêr't ek syn frou Hillary oant kop en earen yn behelle wie, mar troch tsjinwurking fan 'e Republikeinen slagge him dat net. Op ekonomysk mêd tekene Clinton yn 1994 de NAFTA, in frijhannelsferdrach tusken de Feriene Steaten, Kanada en Meksiko, dêr't syn foargonger George H.W. Bush it inisjatyf ta nommen hie.
Yn 'e Amerikaanske Striidkrêften fierde Clinton yn 1993 it Don't Ask, Don't Tell-belied yn, dat homo's en lesbiënnes foar it earst tastie om yn 'e kriichsmacht te tsjinjen salang't se mar net iepentlik foar harren seksuële oriïntaasje útkamen. Dit wie in kompromis nei't syn plan om homo's en lesbiënnes iepentlik tsjinje te litten op 'e non rûn wie. (Dat soe pas yn 2011 mooglik wurde, ûnder it presidintskip fan Barack Obama.) Yn septimber 1996, oan 'e foarjûn fan syn werferkiezing, tekene Clinton fierders de Defense of Marriage Act (DOMA), in wet dy't it de ôfsûnderlike Amerikaanske steaten tastie om te kediizjen oer it al of net erkennen fan it homohoulik. Dizze wet kaam Clinton op grutskalige krityk fan homorjochte-aktivisten te stean, dy't it as in goedkeape trúk ta harren skea seagen om Clinton oan in twadde amtstermyn te helpen.
Bûtenlânsk belied
bewurkje seksjeOp it mêd fan bûtenlânsk belied hie Clinton yn it begjin fan syn presidintskip te krijen mei de fredesmissy yn it troch boargeroarloch ferskuorde Somaalje, dy't troch George H.W. Bush yn it lêst fan syn amtstermyn noch op poaten set wie. Yn 1993 einige dy yn 'e Slach om Mogadisjû, wêrby't Somalyske striders twa Amerikaanske helikopters delskeaten en in gefjocht oangiene dat oan Amerikaanske kant 18 deaden en 73 ferwûnen ta gefolch hie. Guon fan 'e deaden waarden skeind en troch de strjitten fan stêd sleept, wêrfan't de bylden útstjoerd waarden op 'e Amerikaanske tillefyzje. Dy katastrôfe resultearre yn in folsleine weromlûking fan Amerikaanske troepen út Somaalje.
Yn 1995 liet Clinton ûnder de Bosnyske Oarloch ferskate kearen loftoanfallen útfiere tsjin Bosnysk-Servyske doelen. Nei de oanslaggen op twa Amerikaanske ambassades yn Kenia en Tanzania, troch Al-Qaida, liet er yn 1998 doelen yn Sûdaan en Afganistan bombardearje. Yn desimber fan dat jier liet er ûnder de namme Operation Desert Fox fjouwer dagen lang Irak bombardearje, om 'e dwerse diktator Saddam Hoessein wer tusken de stokken te krijen. En yn 1999 joech er tastimming foar in Alliëarre operaasje ûnder it foech fan 'e NATO, om 'e Federale Republyk Joegoslaavje (besteande út Servje en Montenegro) te bombardearjen om sa presidint Slobodan Milošević te twingen en stopje de genoside tsjin 'e etnyske Albanezen dy't doedestiden geande wie yn 'e autonome Joegoslavyske provinsje Kosovo.
As fredesstifter wie Clinton ek aktyf; sa waarden mei syn stipe en/of ûnder syn druk de Oslo-akkoarten tekene tusken de Israelyske minister-presidint Yitzhak Rabin en de Palestynske foaroanman Yasser Arafat, al mislearren letter fierdere besprekkings yn Camp David, tusken Arafat en Rabin syn opfolger Ehud Barak. Yn 1995 wie Clinton ek grutdiels ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan 'e frede dy't in ein makke oan 'e Joegoslavyske Oarloggen, mei it Ferdrach fan Dayton. En yn 1998 wied er djip behelle yn 'e fredesûnderhannelings yn Noard-Ierlân, dy't laten ta it Goede-Freedsakkoart.
Lewinsky-skandaal
bewurkje seksjeIn grut part fan Clinton syn twadde amtstermyn as presidint waard bedoarn troch it Lewinsky-skandaal, dat feroarsake waard troch syn omgong mei de 22-jierrige Wite-Hûsstazjêre Monica Lewinsky en syn lettere besykjen om dy saak ûnder it flierkleed te feien. It draaide fierhinne om Clinton syn bekende sitaat "I did not have sexual relations with that woman" ("Ik haw gjin seksuële omgong hân mei dat frommes"), en soartgelikense útspraken, wêrby't er, sa't letter bliken die, "seks" definiëarre as folsleine fleislike mienskip, wylst Lewinsky inkeld orale seks mei him bedreaun hie. Troch dizze saak waard ek in âlder skandaal wer oprakele, dat fan Paula Jones, in eardere meiwurkster fan Clinton út syn tiid as gûverneur fan Arkansas, dy't úthold dat er har op in seksuële manear ûnfoech bejegene hie.
De Republikeinske mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen liek dit in útsochte kâns om Clinton in hak te setten, en spesjaal oanklager Kenneth Starr waard machtige om beskuldigings fan meineed en behindering fan it rjocht tsjin 'e presidint te ûndersykjen. Ein 1998 kaam it Starr-rapport út, dat it hiele spul oant yn 'e details beskreau, en wêryn't fêststeld waard dat der oannimlike oanwizings wiene dat Clinton dingen dien hie dy't syn ôfsetting as presidint rjochtfeardigen. Dêrop stelde it Republikeinske Hûs fan Offurdigen in ôfsettingsproseduere (impeachment) tsjin Clinton yn wurking, wat mar ien kear earder bard wie yn 'e Amerikaanske skiednis (tsjin 'e njoggentjinde-iuwske presidint Andrew Johnson). Op 12 febrewaris 1999 torpedearre de Senaat, dêr't de Demokraten yn 'e meardeheid wiene, dy ôfsettingsproseduere lykwols.
Oanslach
bewurkje seksjeYn syn boek The Death of American Virtue brocht rjochteperfester Ken Gormley yn 2010 út dat Clinton yn 1996 by in besyk oan 'e Filipinen oan in moardoanslach troch Al-Qaida ûntkommen wie. Gormley hie dat fan Lewis Merletti, dy't doedestiden de direkteur wie fan 'e Secret Service, de tsjinst dy't belêstge is mei de beskerming fan 'e presidint en oare heechpleatste Amerikaanske amtsdragers. Nei't it skynt wie der in bom oan in brêge befêstige dêr't Clinton syn limûsine oerhinne moast, mar krige de Secret Service krekt op 'e tiid aan fan 'e saak, sadat der in oare rûte nommen waard.
Ein fan syn presidintskip
bewurkje seksjeHielendal oan 'e ein fan syn presidintskip naam Clinton noch hurd in stikmannich maatregels en joech er noch oan ferskate persoanen amnesty. Under de maatregels wie syn erkenning fan it Ynsternasjonaal Strafhôf, yn De Haach, dy't syn opfolger George W. Bush daliks weromdraaide. Under de lju dy't er amnesty joech, wie sakemanMarc Rich. Der waard grute dat Clinton syn sweager Hugh Rodham jild oannommen hie om Rich syn amnesty te bewurkmasterjen.
Nettsjinsteande alle skandalen ferlear Clinton nea syn populariteit by in grut diel fan 'e Amerikaanske befolking of om utens. Doe't er syn presidintskip beëinige, hie noch altyd 65% fan 'e Amerikanen in geunstige miening oer him, wat net mear foarkommen wie sûnt Dwight Eisenhower, yn 1961. Under Clinton draaide de ekonomy wer as in tierelier, en wie der foar it earst sûnt 1969 in begruttingsoerskot.
Lettere jierren
bewurkje seksjeNei't er yn 2001 presidint-ôf wurden wie, sette Bill Clinton útein mei it jaan fan taspraken en it ynsammeljen fan jild foar goede doelen. Teffens rjochte er sels guon goeddiedichheidsorganisaasjes op, wêrûnder de William J. Clinton Stifting, dy't him û.m. ynset foar de striid tsjin HIV/AIDS yn Afrika. Dêrnjonken skreau er fjouwer boeken, wêrûnder in autobiografy. Hy utere ferskate kearen fûleindige krityk op fral it bûtenlânsk belied fan it regear fan syn opfolger George W. Bush, yn it bysûnder oangeande de besetting fan Irak as útkomst fan de Twadde Golfoarloch.
Nei de Aziatyske tsûnamy, fan twadde krystdei 2004, stelde Kofi Annan, de siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes, Clinton oan om 'e ynternasjonale helpaksje te koördinearjen. Tegearre mei âld-presidint George H.W. Bush rjocht Clinton doe it Bush-Clinton Tsûnamyfûns op, en nei't de orkaan Katrina yn 2005 New Orleans troffen hie, rjochten se tegearre it Bush-Clinton Katrinafûns op. Fierders reizgen se yn 2007 twaresom nei de begraffenis fan 'e Russyske âld-presidint Boris Jeltsin, dêr't se tegearre in grêfrede holden.
Underwilens wie Clinton syn frou Hillary al jierrenlang senator foar de steat New York, en yn 2008 besleat sy en doch in goai nei de Demokratyske nominaasje foar it presidintskip. Nettsjinsteande Clinton syn fûleindige stipe, ferlear Hillary de Demokratyske foarferkiezings fan har mei-senator Barack Obama. Nei't dy by de eigentlik ferkiezings ta presidint keazen wie, waard hja minister fan Bûtenlânske Saken.
Yn 2009 reizge Bill Clinton nei Noard-Koreä ta, dêr't er Euna Lee en Laura Ling, twa Amerikaanske sjoernalistes dy't dêr fêstholden waarden, los wist te praten. Sûnt is er troch Barack Obama noch ferskate oare kearen op diplomatike missys stjoerd, en sûnt 2009 wied er teffens de spesjale gesant yn Haïty foar de Feriene Naasjes. Nei't dat tramtearre lân yn 2010 troch in swiere ierdbeving troffen wie, koördinearre Clinton mei âld-presidint George W. Bush de Amerikaanske helpaksje.
Bibliografy fan Bill Clinton
bewurkje seksje
- Between Hope and History, New York, 1996 (Times Books), ISBN 978-0 81 29 29 133
- My Life, New York, 2004 (Vintage Books), ISBN 978-1 40 00 30 033
- Giving: How Each of Us Can Change the World, New York, 2007 (Knopf), ISBN 0 30 72 66 745
- Back to Work: Why We Need Smart Government for a Strong Economy, New York, 2011 (Knopf), ISBN 978-0 30 79 59 751
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|