De Boskberch is in hichte fan 26,6 meter yn de gemeente Eaststellingwerf, súdlik fan Appelskea yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld.

Sicht fan de Boskberch nei it noardeasten ta.
De Boskberch, mei âlde útkyktoer, út it suden wei.
Iepenloftteater op de Boskberch.

Yn âlde folksferhalen waard al ferteld dat der ûnder de Boskberch in âlde ikebeam waakse soe. De berch om de ikebeam hinne soe alsa in grut stodún wêze sa't dy der yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld wol mear binne. Yn 2016 waard it bewiis levere dat it âlde folksferhaal wier wie.

Yn 2016 waard it bewiis levere foar it bestean fan in ikebeam ûnder de Boskberch.[1] De iik moat ferantwurdlik west hawwe foar it ûntstean fan de Boskberch. De iik kearde it stosân wêrtroch't der in dún om de beam hinne ûntstie.[2] Ut de berch wei stekke trije tûken omheech dy't mei de dik 300 jier âlde ikebeam ferbûn binne. Dy tûken binne tusken de 7 en 10 meter lang.[3]

Fan 1907 oant en mei 2016 stie der in 17 meter hege útsjochtoer op 'e Boskberch.[4] De âlde toer wie der om brânen te sinjalearjen yn 'e bosken, mar dy funksje is ferlern gien doe't de bosken deromhinne te heech waarden. Yn 2016 waard der in nije toer boud op de Boskberch. De nije toer is 35 meter heech.[5] De nije útsjochtoer is mei sa'n 60 meter boppe seenivo it heechste punt fan de gemeente Eaststellingwerf en de Boskberch sels is mei syn 27 meter hichte it heechste natuerlike punt fan de fêstewâl fan de provinsje Fryslân. Yn de nije útsjochtoer sit sawol in trep as in lift dy't besikers nei it panoramadek ta bringt.

Iepenloftteater

bewurkje seksje

Op de Boskberch is in iepenloftteater. De renovaasje fan it teater begûn yn 2003 en it waard op 1 july 2010 wer iepene. Yn de fyftiger oant en mei de santiger jierren hie it iepenloftteater gauris grutte artysten/iepenloftspullen. It nije iepenloftteater hat mear as 500 sitplakken.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân (8 maart 2016): Nije útsjochtoer Appelskea ferpleatst fanwege iuwenâlde iik (sjoen op 30 augustus 2016)
  2. Ljouwerter Krante (29 febrewaris 2016): Eeuwenoude eik in de Bosberg verstopt (sjoen op 30 augustus 2016)
  3. Algemeen Dagblad (3 maart 2016): Ontdekking ondergrondse eik Appelscha bewijst legende (sjoen op 30 augustus 2016)
  4. Gemeente Eaststellingwerf: Uitkijktoren Bosberg Appelscha (sjoen op 30 augustus 2016)
  5. Omrop Fryslân (8 maart 2016): Nije útkyktoer Appelskea is hast klear (sjoen op 30 augustus 2016)