David Storey (skriuwer)
David Storey (folút: David Rhames Storey; Wakefield, 13 july 1933 – Londen, 27 maart 2017) wie in Britsk toanielskriuwer, senarioskriuwer, romanskriuwer en earder profesjoneel rugbyspiler.
David Storey (skriuwer) | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | David Rhames Storey | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 13 july 1933 | |
berteplak | Wakefield (Ingelân) | |
stoarn | 27 maart 2017 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans, toaniel, senario's | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
This Sporting Life Flight into Camden Saville The Farm | |
prizen | Booker Prize 1976 | |
jierren aktyf | 1960 – 2017 |
Karriêre
bewurkje seksjeStorey waard berne yn 1933 yn Wakefield yn it Noardingelske Yorkshire, dêr't er ek de middelbere skoalle trochrûn. Letter studearre er oan 'e Slade School of Fine Art, yn Londen. Storey skreau syn earste roman yn 1960, titele This Sporting Life, wêrmei't er de MacMillan Fiction Award fan 1960 wûn. Oare bekroande romans fan him wiene Flight into Camden (1961), dy't yn 1961 de John Llewellyn Rhys Prize wûn en yn 1963 de Somerset Maugham Award; en Saville (1976), dêr't er yn 1976 de Booker Prize foar takend krige. Bekende toanielstikken fan him binne: The Restoration of Arnold Middleton, The Changing Room, The Farm, Cromwell, Home en Stages.
Storey skreau ek it senario foar de film This Sporting Life, út 1963, dat in ferfilming fan syn earste roman wie, regisearre troch Lindsay Anderson. Dy film wie it begjin fan in lange beropsmjittige gearwurking mei Anderson, dy't û.m. ek (yn 1975) Storey syn toanielstik In Celebration ferfilme. Home en Early Days (allebeide mei yn 'e haadrol sir Ralph Richardson) waarden tillefyzjefilms fan makke. Storey kaam yn 2017, yn 'e âlderdom fan 83 jier, te ferstjerren yn Londen.
Wurk
bewurkje seksje- 1960 – This Sporting Life
- 1961 – Flight into Camden
- 1963 – Radcliffe
- 1967 – The Restoration of Arnold Middleton
- 1969 – In Celebration
- 1970 – The Contractor
- 1970 – Home
- 1971 – The Changing Room
- 1972 – Pasmore
- 1973 – The Farm
- Fryske oersetting: De Sate (fert. Klaas Bruinsma, 1991) (sjoch foar mear feiten ûnder "Boarnen")
- 1973 – Cromwell
- 1973 – A Temporary Life
- 1973 – Edward
- 1975 – Life Class
- 1976 – Saville
- 1977 – Mother's Day
- 1980 – Early Days
- 1980 – Sisters
- 1982 – A Prodigal Child
- 1984 – Present Times
- 1989 – The March on Russia
- 1992 – Storey's Lives: 1951-1991 (autobiografy)
- 1998 – A Serious Man
- 2002 – As it Happened
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |