De 8 fan Grou
De 8 fan Grou is in fytstocht fan Grou út, dêr't de rûte fan oarspronklik de foarm fan it sifer 8 hie. De earste kear dat dit evenimint holden waard, wie yn 1995. Tsjintwurdich binne der lykwols trije lussen, nei it noarden, easten en suden. Troch te kiezen foar ien of mear lussen, en faak foar in lytsere of gruttere foarm fan de lus, kin de tocht oanpast wurde fan in lytse rûte (32 km.) nei gruttere rûtes (mear as 100 km.). Om't de tocht yn lussen opboud is kinder njonken yn Grou fansels ek op oare plakken begûn wurde. Njonken Grou binne ek Akkrum, Earnewâld, De Feanhoop, Terherne, Warten en Ljouwert begjinpunten fan de tocht.
De 8 stie ek for de acht pontsjes yn de rûte. Lykwols binne der mei it útwreidsjen ferskate pontsjes by kaam, dat yn 2017 wienen der tolve pontsjes yn 'e rûte.