Feite de Jager
Feite de Jager (Harns, 11 novimber 1915 - dêre, 6 maart 2007) wie in keatser.[1][2]
Feite de Jager | ||
keatser | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 11 novimber 1915 | |
berteplak | Harns | |
stjerdatum | 6 maart 2007 | |
stjerplak | Harns | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynfo | ||
sport | keatsen | |
PC | 1940, 1942 | |
debút | 1936 | |
karriêre-ein | 1946 | |
wichtige prestaasjes | ||
PC: 2× earste priis NK junioren: 2× earste priis Freule: earste priis |
Yn 1931 helle Feite de Jager syn earste grutte súkses mei it winnen fan de Freulepartij mei Bauke van Seijst en Sjoerd van der Meer. Dêrnei wûn hy noch twaris de Jong Nederlânpartij yn 1935 en 1936. Hy wûn yn 1940 de PC mei Lou Seerden en Marten van der Hem. Twa jier letter wie er opnij winner, diskear mei Jan Rodenhuis en Frans Helfrich.
Nei de oarloch waard Feite yn 1946 noch in kear twadde op it Bûn. De banketbakker en lettere fiskhanneler keatste fan 1936 oant en mei 1946 en helle sadwaande 103 punten yn it ivich keatsklassemint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|