Fisioen
In fisioen[1] of fizioen[2] is in dreambyld of ferskining dy't ûnderfûn wurdt as it boppenatuerlik of mystyk skôgjen fan bylden dêr't in foarsizzend fermogen oan taskreaun wurdt. Troch oanhingers fan in religy wurdt fan fisioenen faak ûndersteld dat se direkt of yndirekt (fia profeten) stjoerd binne troch in godheid en beskôge wurde moatte as in profesije. Yn it ferlingde dêrfan geane leauwenden der faak fan út dat sokke fisioenen bedoeld binne om te ynspirearjen, of wurde se troch leauwenden útlein as diel fan in godlike iepenbiering. Yn 'e antropology sjocht men fisioenen earder as utering fan it minsklike ûnderbewustwêzen of mooglik as utering fan in geastlike of lichaamlike krupsje, lykas epilepsy. Fisioenen binne oer it algemien dúdliker en bliuwe langer yn it ûnthâld hingjen as dreamen, en tradisjoneel wurde der minder psychologyske konnotaasjes oan ferbûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |