Hamnet Shakespeare
Hamnet Shakespeare (doopt 2 febrewaris 1585 – begroeven 11 augustus 1596) wie de iennichste soan fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare en dy syn frou Anne Hathaway. Hy wie de jongere broer fan Susanna Shakespeare en de twillingbroer fan Judith Shakespeare. Hy stoar doe't er alve jier wie. Der besteane in protte teoryen oer hoe't Hamnet syn dea it wurk fan syn heit beynfloede hat.
Hamnet Shakespeare | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Ingelsk | |
berne | 2 febrewaris 1585 (doopt) | |
berteplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
stoarn | 11 augustus 1596 (begroeven) | |
stjerplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
soan fan 'e toanielskriuwer William Shakespeare |
Libben
bewurkje seksjeDer is net folle bekend oer Hamnet. Hy en Judith waarden berne yn Stratford-upon-Avon, yn it greefskip Warwickshire, en doopt op 2 febrewaris 1585, yn 'e Stratforder Tsjerke fan 'e Hillige Trije-ienheid, troch in dûmny Richard Barton fan Coventry. Hy en Judith waarden neamd nei freonen fan 'e Shakespeares, in troud pear dat fan Hamnet en Judith Sadler hiet. Hamnet Sadler wie bakker te Stratford-upon-Avon.
Hamnet groeide wierskynlik op yn in hûs oan Henley Street yn Stratford, dat eigendom fan syn pake John Shakespeare wie. Hamnet waard, krekt as syn susters, fierhinne grutbrocht troch syn mem allinne, mei't syn heit tsjin 'e tiid dat er fjouwer jier wie al úteinset wie mei syn karriêre as toanielskriuwer yn it fiere Londen. Foar it neist gie Hamnet, as jonge út in ridlik begoedige fermidden, nei de legere skoalle en learde er lêzen en skriuwen. Soks lei doedestiden foar jonges folle mear yn 'e reden as foar famkes (der besteane oanwizings dat syn suster Judith analfabeet bleau). Op 11 augustus 1596 kaam Hamnet lykwols te ferstjerren ûnder in útbraak fan 'e bûdepest yn Stratford-upon-Avon. Hy wie doe alve jier (doedestiden stoar likernôch in trêdepart fan alle bern yn Ingelân foar de tsiende jierdei).
Konneksjes tusken Hamnet en Shakespeare syn wurk
bewurkje seksjeGuon Shakespeare-kenners spekulearje oer de relaasje dy't faaks bestien hat tusken Hamnet en syn heite toanielstik Hamlet, en ek oer it mooglike ferbân tusken Hamnet syn dea en eleminten yn 'e stikken Kening Jan, Romeo en Julia, Julius Caesar, Trijekeningejûn, Nei Jim Beleavjen, De Stoarm en De Keapman fan Feneesje.
Sokke teoryen konsintrearje harren op 'e trageedzje Hamlet, mar de tradisjonele opfetting dat Shakespeare syn fertriet oer de dea fan syn soan him oansette ta it skriuwen fan dit nearzige toanielstik, is nei alle gedachten net wier. Yn it foarste plak is Hamlet foar 't neist skreaun tusken 1599 en 1601, wat trije oant fiif jier nei Hamnet syn ferstjerren wie, en oard binne de nammen Hamnet en Hamlet dan wol sa goed as gelikens (en bestiet der bewiis dat se yn Shakespeare syn tiid trochinoar brûkt waarden), mar de namme Hamlet út it toanielstik is nei alle gedachten net ôflaat fan Hamnet Shakespeare, mar fan it personaazje Amleth, út 'e Skandinavyske leginde (optekene troch Sakso Grammatikus), dêr't Hamlet op basearre is.
Ek yn oare wurken fan Shakespeare hawwe wittenskippers spoaren fan 'e dea fan syn soan sjen wollen. Trijekeningejûn, bygelyks, giet oer in fanke dat mient dat har twillingbroer omkommen is by in skipbrek, mar úteinlik ûntdekt dat er sûn en wol is. Shakespeare-kenner Richard Wheeler hat de teory oppenearre dat de froulju dy't harsels ferklaaie as manlju (yn Trijekeningejûn, De Keapman fan Feneesje en Nei Jim Beleavjen) eins in werjefte binne fan it feit dat Shakespeare de hope dy't er foar syn soan hie, nei Hamnet syn ferstjerren oerbrocht op syn dochters. In oare saakkundige, Bill Bryson, wol hawwe dat de monolooch út 'e trêde akte fan Kening Jan, wêryn't hartoginne Konstânse fan Bretanje it ferlies fan har soan beklaget, ynspirearre wie troch de dea fan Hamnet (al is it net ûnmooglik dat Shakespeare Kening Jan skreau doe't Hamnet noch libbe).
Oare teoryen en fragen oangeande Hamnet yn Shakespeare syn wurk binne oft de sêne yn it stik Julius Caesar, wêryn't Caesar Markus Antonius adoptearret ta ferfanging fan syn eigen deade soan, mei Hamnet syn dea fan dwaan hat; oft Romeo en Julia soms as in tragyske werjefte fan 'e dea fan Hamnet sjoen wurde moat; en oft Alonso syn skuldgefoelens oer de dea fan syn soan, yn De Stoarm, wat mei Hamnet te krijen hat. Teffens soe it kinne dat Sonnet 37 in reäksje is op Hamnet syn ferstjerren, mei't Shakespeare dêr skriuwt:
- Lyk in brekfallich heit mei blydskip sjocht
- Nei 't jonkheidsskreppen fan syn krigel bern,
- Sjoch ik, fan 't lot berôve fan myn nocht,
- Dyn wearde en wierheid my ta treast beskern.
- oersetting: Douwe Kalma (yn: De Sonnetten, Ljouwert, 2005 (Utjouwerij Bornmeer y.g.m. St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 978-9 05 61 51 089)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |