Hege Jedi Ried
De Hege Jedi Ried, ek koartwei de Jedi Ried neamd, is yn 'e Star Wars-franchise in fiktive organisaasje dy't oan it haad stiet fan 'e Jedi Oarder. De Ried bestiet út tolve wize en machtige Jedi-masters dy't útornearre binne om 'e hiele oarder te lieden en dy't teffens tsjinje as in adysrie foar de kânselier fan 'e Galaktyske Republyk. De Hege Jedi Ried is opmakke út fiif leden foar it libben, fjouwer leden foar in lange termyn en trije leden foar in beheinde termyn. Dy opbou hat him ûntjûn út eardere fertsjintwurdigings binnen de Jedi Oarder. Oarspronklik hie de Grutte Jedi Ried gjin fêst plak fan gearkomste en waard der op ûngeregelde tiden mei-inoar rieplachte op planeten lykas Ossus, Alderaan en Chandrila. Nei it ferfarren fan it haadkertier fan 'e Jedi Oarder fan Ossus nei Coruscant, de sit fan it regear fan 'e Galaktyske Republyk, waard de súdwestlike toer fan 'e Jedi Timpel (it nije haadkertier fan 'e Oarder) yn gebrûk nommen troch de Hege Jedi Ried.
Yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dy't yn it jier 32 f.Sl.Y. spilet, bestiet de Hege Jedi Ried út 'e folgjende leden:
- Yoda (grutmaster)
- Mace Windu
- Depa Billaba
- Adi Gallia
- Ki-Adi-Mundi
- Eeth Koth
- Plo Koon
- Even Piell
- Yarael Poof
- Oppo Rancisis
- Saesee Tiin
- Yaddle
Fierders is bekend dat Jedi-master Sifo-Dyas oant syn dea koart foàr de foarfallen yn The Phantom Menace in lid fan 'e Hege Jedi Ried wie. Yoda, Mace Windu, Ki-Adi-Mundi, Plo Koon, Oppo Rancisis en Saesee Tiin bliuwe oant de fal fan 'e Jedi Oarder yn 19 f.Sl.Y. lid fan 'e Hege Ried. Yoda draacht dêrby de seremoniële titel fan grutmaster, wylst Mace Windu as master fan 'e Oarder it foarsitterskip fan 'e Ried hat. Yn 22 f.Sl.Y., oan it begjin fan 'e Kloane-oarloggen, draacht er dat oer oan Yoda, sadat er him folslein talizze kin op it winnen fan 'e striid.
Oare leden fan 'e Grutte Jedi Ried fan wa't de nammen bekend binne, yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), dat yn 19 f.Sl.Y. spilet, binne: Stass Allie, Kit Fisto, Coleman Kcaj, Obi-Wan Kenobi, Agen Kolar en Shaak Ti. Anakin Skywalker wurdt tafoege as spesjale fertsjintwurdiger fan kânselier Palpatine, koart foar't dyselde de macht grypt, de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktysk Keizerryk oprjochtet mei himsels as autokratysk regearjend keizer. Dy steatsgreep giet mank mei de Grutte Suvering fan 'e Jedi, wêrby't hast de hiele Jedi Oarder útrûge wurdt. Fan 'e leden fan 'e Hege Jedi Ried witte inkeld Yoda en Obi-Wan Kenobi oan 'e dea te ûntkommen troch de wyk te nimmen en ûnder te dûken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|