Hendrik van Houten
Hendrik (Harm) van Houten (Boksum, 19 juny 1892 - Grins, 22 july 1952) wie in ûnderwizer, sjoernalist, politikus (yn dy foalchoarder) en Frysk beweger.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHendrik van Houten wie de soan en âldste bern fan Sjouke van Houten, lânarbeider, en Grietje Wijngaarden, naaileararesse. Op 9 augustus 1917 troude er mei Maaike Bruinsma, mei wa't er trije dochters en in soan krige. Nei har fertsjerren op 15 novimber 1927 boaske er fannijs op 29 jannewaris 1929 oan Maria Smallenbroek, mei wa't er in dochter en trije soannen krige. Van Houten neamde himsels H.S. [Sjoukes] van Houten.
Van Houten koe op de legere skoalle goed leare en skoalmaster wurde lei yn de reden. It kosterswurk foar de pleatslike grifformearde tsjerke joech syn heit in byfertsjinste, sadat de beide âldste jonges foar ûnderwizer leare koenen dat Hendrik gie yn 1907 nei de grifformearde kweekskoalle yn Ljouwert. Nei 1911 wie er in tal jierren ûnderwizer, ûnder oaren yn Seisbierrum. Hy wie yn dy tiid lid fan de ARP. Hy skreau doe al artikels foar de krante en bedarre sa yn de sjoernalistyk. Yn 1918 kaam er oan it Frysk Deiblêd.
Hy wie jierrenlang foarsitter fan de 'Bond voor Landpachters en Hypotheekboeren' (oprjochte yn 1922). Yn it midden fan de 20-er jierren soarget Hendrik van Houten mei Fedde Schurer foar in koerswiziging yn it protestante Kristlik Frysk Selskip (KFS), fan taal- skriftekennisse nei in mear striidbere koers foar emansipaasje fan it Frysk.
Yn 1933 wurke er mei oan de oprjochting fan de 'Christelijke Bond voor Staatspensionneering', dy't it krijen fan in premyfrij steatspensjoen foarstie. Troch ûnfrede mei it ARP-belied en nei petearen mei CDU-foaroanman Fedde Schurer, wurdt er yn 1933 in sosjaal fielend folksfertsjintwurdiger, dy't ek hieltyd mear antimilitarist waard, foar de CDU. Syn efterban siet op it Fryske en Grinslânske plattelân.[1]
Yn de besettingsjierren miende Van Houten dat er de belangen fan de lânpachters en harren bûn it bêste tsjinje koe troch gearwurking te sykjen by it 'Nederlands Agrarisch Front' dat ûnder Dútske kontrôle stie. Begjin 1942 gie de 'Bond van Landpachters' op yn de fan de Dútskers oprjochte 'Nederlandse Landstand'; Van Houten waard haad an it Bureau Pacht. Yn maaie 1942 waard er mei in protte oare Nederlanners oanhâlden en fêstset yn 'Beekvliet' te St. Michielsgestel, mar hy waard rillegau wer frijlitten wierskynlik út reden fan syn funksje. Van Houten einige syn wurk foar de Landstand yn septimber 1944.
Yn 1945 wachte Van Houten it oardiel oer syn wurk yn de oarlochsjierren net ôf en ferliet er it parlemint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|