Hilligens
It begryp hilligens hat te krijen mei hiel(ens) en wurdt brûkt as oantsjutting fan eat dêr’t in ferheven wearde oan takend wurdt. Yn teïstyske religys slacht it op de bysûndere relaasje dy’t immen of eat mei God hat, dy’t achte wurdt sels hillich te wêzen. Om dy relaasje kin eat of immen dan hillich (hillige) wêze en ta foarbyld en/of foarwerp fan ferearing wurde, en mei bysûnder respekt behannele wurde.
Binnen de ferskate religys hat it begryp hillige ferskate spesifike betsjuttings. Der binne ferskate manieren om út te meitsjen oft immen hillich is. Der is lykwols ek besocht om in algemiene definysje te jaan. In roomsk-katolyk ûndersiker hold yn 1987 út dat hilligen yn ferskate kultueren en religy’s de folgjende oerienkomsen sjen litte. [1]:
- Foarbyldfunksje
- Wûnderdwaner of boarne fan goedaardige macht
- Middeler tusken de godheid en de minske
- Iepenbieringsrelaasje ta it hillige.
Animisme
bewurkje seksjeYn it animisme, lykas de Shinto-religy yn Japan, wurde bysûndere objekten hillich neamd. Der binne hillige bergen, rotsen en wâlden.
Boedisme
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Boedisme.
Yn it Teravada boedisme binne sawol de Boedas as syn ferljochte dissipels (de Sotapannas, Sakadagamys, Anagamys en Arahants hillich. Immen kin dus al by it libben hillich wêze. In hillich persoan is immen waans geast folslein suver is en frij fan begearte, hate en betizing. Yn it Mahayana boedisme en it Tibetaansk boedisme binne dêrnjonken ek de Bodhisattvas hillich.
Kristendom
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Kristendom.
Yn it Nije Testamint wurde minsken hillich neamd as se hillige binne troch it doopsel en har leauwe yn God, wat troch Jezus Kristus ferkundige is. Yn de RKK en de eastersk-otterdokse tsjerken is in hillige eltse kristen, yn de boppeneamde betsjutting, dêrnjonken eltsenien yn de himel, en as tredde immen dy’t nei syn dea troch de tsjerklike ynstânsje hillich ferklearre is troch syn/har bysûndere libbensstyl en dieden. Dy persoan krijt in feest(datum), in [[patronaat (Roomsk-katolisisme]patronaat]] en mei yn de publike earetsjinst fereare wurde. Foar de ynstelling fan it hillichferklearringsproses wurde in soad persoanen as hillich beskôge om’t se yn de folksdevoasje fereare waarden. In soad plaknammen en tsjerkegebouwen dogge noch oan sokke hilligen tinken.
Yn evangelyske gemeenten binnen it protestantisme is immen hillich, sadree’t er/se oanjout syn/har libben oan de Heare te jaan en Syn wil te folgjen.
Islam
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Islam.
It begryp hillige is in kristlik konsept en as sadanich ôfwêzich yn de islamityske lear. Yn prinsipe wurdt binnen de Islam it brûken fan ‘hillich’ útslutend bewarre foar God en Syn Wurd.
Antropologen ha parallellen fûn tusken opfettings oangeande de oanbidding fan inkelde soefi]’s en it kristlike idee fan hillichheid. Yn guon lannen wurde skrinen fan soefistyske ‘hilligen’ besocht en wurde wûnders taskreaun oan de ‘hillige’. Bytiden wurdt dêrby de sinnekalinder brûkt oangeande festiviteiten om de hillige’ hinne yn stee fan de foar moslims gebrûklike islamytyske..[2] Hillich hat de Arabyske stam q-d-s (قدس) en kin weromfûn wurde yn Al-Quds (Jeruzalim). Yn de Koran wurdt God twa kear 'de Hillige' (القدوس) neamd, yn sawol soera De Opdriuwing 23 en soera De Oanbidding 1.[3] 'De Hillige' wurdt ek as ien fan de 99 Skoandere Nammen fan God sjoen. De aartsingel Djibryl wurdt oant fjouwer kear ta de 'hillige Geast' neamd[3]. Twa kear wurdt referearre oan de hillige fallei fan Towa en ienkear wurdt praat oer it Hillige Lân yn soera De Tafel 21 (الأرض المقدس) dat Musa jûn wurdt[3].
By oersettings fan wali (ولي) wurdt it wurd hillich inkeld brûkt.[4], hoewol’t de stam wali ferwiist nei fuortdaliks folgje, it folgjende [5]. In wali is dêrmei immen dy’t tichteby stiet, bygelyks in freon, in helper of in beskermer. Yn soera Maria 5-6 freget Zakariya in wali oan God, wêrnei’t him Yahya ferjûn wurdt. Ek wurde taspilings makke oer ditsoarte helpende en beskermjende freonskip tusken de Helpers en de Emigranten.[6] Dêrneist wurdt ek Al-Walay as ien fan de Skoandere Nammen fan God beskôge.
Joadendom
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Joadendom.
Yn it Alde Testamint wurde beskate foarwerpen foar God reservearre, wêrtroch’t se hillich (kados) binne. It is yn it foarste plak de tabernakel mei dêrby de prysters en de prysterklaaiïng. Fierder binne hillich: de sande dei (sabbat) en (tydlik) de plakken dêr’t God tsjintwurdich is, lykas de berch Sinaï. Guon foarwerpen binne it alderhillichst, en alles wat dêrmei yn oanrekking komt is hillich. Dat jildt bygelyks foar it offerfleis (dêr’t allinnich de prysters fan ite meie) en alles wat dêrmei yn oanrekking west hat. Ek guon resepten binne hillich, lykas de wize fan tameitsjen fan de salvingsoalje en it rookwurk. It is ferbean om, útsein foar de earetsjinst, wat neffens dit foarskrift te meitsjen.
Fierder
bewurkje seksjeYn in tal religys binne bisten hillich. Hja binne oan god wijd en meitsje dus diel út fan in godlike oarder. Yn it âlde Egypte wiene katten en wylpreagers hillich, mar in beskate tekening op ‘e hûd koe ek in keal (Apis) hillich meitsje.
Eksterne links
bewurkje seksje- De Arahant - Fersen fan de Boeda oer hilligen.
- Hilligensamling pater Dries van den Akker s.j.
- Hilligenkalinder en Hilligensamling fan de Stifting Beafeartweb
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|