Hrant Dink
Hrant Dink (Armeensk: Հրանդ Տինք) (Malatya, 15 septimber 1954 – Istanbûl, 19 jannewaris 2007) wie in Turksk-Armeenske yntellektueel, haadredakteur, sjoernalist en kolumnist. Hy wie benammen bekend fanwegen it pleitsjen foar in Turksk-Armeenske fersoening en rjochten fan minderheden yn Turkije.
Hrant Dink | ||
Grêf fan Hrant Dink. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Turksk | |
berne | 15 septimber 1954 | |
berteplak | Malatya | |
stoarn | 19 jannewaris 2007 (52 jier) | |
stjerplak | Istanbûl | |
etnisiteit | Armeensk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | útjouwer, sjoernalist |
Dink wie ien fan 'e oprjochters fan it wykblêd Agos, de iennige krante yn Turkije dy't yn it Armeensk en it Turksk útjûn waard. Sûnt de oprjochting yn 1996 oant syn dea yn 2007 wie Dink haadredakteur. It earste nûmer ferskynde op 5 april 1996 en waard troch patriarch Karekin II as in Peaskejefte ferwolkomme. As in loftse aktivist skreau Dink faak oer de swierrichheden fan 'e demokratisearing yn Turkije. Hy ferdigene faak skriuwers lykas Orhan Pamuk en Perihan Mağden, dy't foar harren tinkbylden ûnder fjoer kamen te lizzen en ferfolge waarden. Mei syn penne skreau er oer de diskriminaasje fan Armeenjers yn 'e Turkske reguliere parse, hy publisearre oer problemen wêrmei't Armeenske organisaasjes yn Turkije te krijgen hiene en spriek him út tsjin gefallen fan ferneatiging fan Armeensk kultureel erfgoed.
Dink wie kritysk oer de Turkske ûntkenning fan 'e Armeenske genoside en oer it krewearjen fan 'e Armeenske diaspora foar ynternasjonale erkenning dêrfan. Sa wie Dink tsjin in Frânske wet, dy't de ûntkenning fan 'e Armeenske genoside strafber makke. Hy wie fan doel om nei Frankryk ôf te reizgjen en dat út te testen as de wet yn wurking steld waard. Dink rop op ta dialooch en sei dat de Turksk-Armeenske relaasjes út de 1915 meter djippe put helle wurde moasten.
Ferfolging fan Dink
bewurkje seksjeDink waard op basis fan artikel 301 fan it Turkske Wetboek fan Strafrjocht trijeris ferfolge. Dat artikel makket it misledigjen fan 'e Turkske naasje, Turkske oerheidsynstellingen of Turkske nasjonale helden strafber. De nasjonalistyske organisaasje Büyük Hukukçular Birliği (Grutte Uny fan Juristen) ûnder lieding fan Kemal Kerinçsiz grypte dat artikel graach oan om krityske minsken foar it rjocht te slepen en is foar it measte ferantwurdlik foar in soad op dat artikel basearre prosessen. Ek oare krityske tinkers, skriuwers of aktivisten, lykas Elif Şafak en Orhan Pamuk, waarden troch Kemal Kerinçsiz oanklage.
De earste oanklacht tsjin Dink wie basearre op de wurden dy't er op 14 febrewaris 2002 op in panel oer multikulturalisme, minskerjochten en minderheden spriek:
- Sûnt myn bernetiid song ik it folksliet mei jimme. De lêste tiid is der in diel dat ik langer net sjonge kin, dan bliuw ik stil... It giet om de wurden: "glimkje nei my helderas..." Mar wer is dat heldedom fan dit ras. Wy besykje it konsept fan boargerskip op nasjonale ienheid en in helderas te foarmjen. As bygelyks songen waard: "Glimkje nei ús hurdwurkjende folk", dan soe ik dy wurden lûder sjonge as jimme. Fan 'e eed: "Ik bin Turksk, earlik en hurdwurkjend, dan fyn it dat diel fan earlik en hurdwurkjend poerbêst en rop ik dat lûd. It diel "ik bin Turk" besykje ik foar mysels út te lizzen as "Ik kom fan Turkije".
Op 9 febrewaris 2006 waarden Dink en Şehmus Ülek, dy't foar in oare taspraak foar itselde panel foar it rjocht komme moast, frijsprutsen fan alle oanklachten.
De twadde oanklacht ûnder artikel 301 tsjin Dink waard yntsjinne om't er in artikel oer Armeenje (13 febrewairs 2004) skreaun hie. Yn dat artikel skreau "ferfang it fergiftige bloed dat mei de Turk assosjearre wurdt troch farsk bloed dat mei Armeenje assosjearre is". Dy wurden levere him in straf mei betingst fan seis moanne op. Dink ferdigene him fûl tsjin de beskuldigingen. Hy sei dat it proses op in misferstân basearre wie: "It hat nea my opset west om Turkske boargers te misledigjen. De wurden binne út de kontekst helle en wurde symboalysk bedoeld. Mei it artikel waard bedoeld dat de Armeenske diaspora sadree't hja yn 't lyk kommen binne mei it Turkske diel fan harren identiteit, nije antwurden op harren fragen sykje moatte by it ûnôfhinklike Armeenje.
Yn septimber 2006 waard op beskuldiging fan mislediging fan it Turkendom noch in saak tsjin Dink ûnder artikel 301 iepene. Amnesty International beskôge dy saak as in ûnderdiel fan in jimmeroan dúdliker patroan fan yntimidaasje tsjin in sjoernalist, dy't syn rjocht op in frije miening útoefene. De oanklacht waard tsjin him yntsjinne troch it Iepenbier Ministearje fan Istanbûl nei't er by in fraachpetear mei Reuters op 14 july 2006 it bloedbad ûnder de Armeenjers yn it Ottomaanske Ryk yn 1915 as in genoside beskreau. De oanklachten waarden ek yntsjinne tsjin Serkis Seropjan en Dink's soan Arat Dink, respektivelik as hâlder fan 'e publikaasjelisinsje fan Agos en haadredakteur. De saak tsjin Hrant Dink waard op 14 juny 2007 seponearre fanwegen de moard, mar de proseduere tsjin Serkis Seropjan en Arat Dink wie op 18 july 2007 pland.
It Europeeske Hôf foar de Rjochten fan 'e Minske oardiele yn septimber 2010 dat de Turkske autoriteiten de frijheid fan mieningsutering fan Dink (artikel 10 fan it Europeeske Ferdrach foar de Rjochten fan 'e Mins) skeind hie troch prosedueres tsjin him te spannen, sabeare om't er de Turkske identiteit leechlei, mar yn werklikheid om 't er krityk joech op 'e ûntkenning fan 'e ynstituten fan 'e steat dat de barrens yn 1915 laten ta genoside.
Moard
bewurkje seksjeOp 19 jannewaris 2007 waard Dink troch de 17 jier âlde Ogün Samast op ljochtskyndei foar it kantoar fan syn wurk fermoarde. Dink waard trije kear yn 'e holle sketten en ferstoar fuortendaliks. De moard soarge foar grutte beroering en premier Erdogan feroardiele de moard. Deis nei de moard demonstrearren tûzenen minsken yn Istanbûl tsjin de moard. Dy deis waard de hiermoardenaar yn Samsun oppakt, dy't yn 'e bus nei Trabzon ûnderweis wie. Syn heit hy him oanjûn nei't dy him op bylden werkende.
Op snein 21 jannewaris presintearre Doğan News Agency ôfbylden fan 'e yn Samsun arrestearre Ogün Samast, dy't as held mei twa laitsjende Turkske plysjes op it plysjeburo posearde efter in Turkske flagge en foar in portret fan Atatürk. Ek oare plysjeaginten woene graach mei de dieder op 'e foto, mar allinne Metin Balta, doe de adjunkt-direkteur fan de Anty-Terreur Brigade fan Samsun en kommissaris İbrahim Fırat waarde letter ferfolge en krigen foar amtsmisbrûk finzenisstraf. De foto's feroarsaken nei in publikaasje de oare deis yn 'e krante Vatan yn Turkije in grut skandaal, dat late ta in weach fan ûndersiken, oanklachten en it ûntslach fan minsken dy't yn tsjinst wiene fan 'e oerheid. Samast waard letter troch in Turkske rjochtbank ta 22 jier feroardiele. Hy waard op 15 novimber 2023 op betingst frijlitten om 't er him goed gedroegen hie.
Op 'e dei fan 'e begraffenis rûnen goed hûnderttûzen minsken yn in optocht fan it kantoar fan Agos nei de Armeensk-otterdokse tsjerke dêr't de routsjinst holden waard. De dielnimmer oan 'e demontraasje rôpen "We binne allegear Armeenjers" en "We binne allegear Hrant Dink". Dink waard op it Armeenske tsjerkhôf yn Istanbûl begroeven.
Proses
bewurkje seksjeIt proses tsjin de fertochten waard op 2 july 2007 iepene. Achttjin manlju moasten yn Istanbûl yn ferbân mei de moard op 'e sjoernalist foar it rjocht komme. Om 't de haadfertochte, Ogün Samast, jonger wie as 18 jier, fûn de sitting efter sletten doarren plak.
Op 25 july 2011 waard Samast feroardiele foar moard mei opsetsin en yllegaal besit fan in fjoerwapen. Hy waard oant 22 jier en 10 moannen finzenis feroardiele en soe yn 2021 op betingst frijkomme kinne, nei't er twatredde fan 'e straf útsitten hie. In oare fertochte, Yasin Hayal, waard foar it jaan fan 'e opdracht oan 'e minderjierrige Samast feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf. De útspraak tsjin Yasin Hayal waard letter ynlutsen en by in nij proses krige dy 7,5 jier finzenis.
Yn july 2014 oardiele it Turkske Heechgerjochtshôf dat it ûndersyk nei de moard behyplik west hie, itjinge de wei frijmakke foar rjochtsaken tsjin plysje-amtners en oerheidsynstânsjes. Yn it ramt fan 'e saak waarden harksittings organisearre en yn jannewaris 2017 sei Ali Fuat Yılmazer, it eardere haad fan 'e Turkske ynljochtingentsjinst fan 'e plysje, dat de moard mei opsetsin net tefoarren kommen wie en dat de feilichheidsautoriteiten fan Istanbûl en Trabzon ferantwurdlik wiene.
De prosessen, wêrby't meïnoar 78 fertochten oanklage waarden, wiene basearre op twa oanklachten út 2015 en 2017 en soene jierren duorje. It 14e Swiere Strafhôf yn Istanbûl die lang om let in útspraak yn 'e 130e harksitting op 26 maart 2021. De eardere plysjesjef Yılmazer en Ramazan Akyürek krigen libbenslange finzenisstraffen foar moard mei opsetsin. 26 foarroppenen waarden feroardiele ta finzenisstraffen fan ferskillende lingtes, wylst oaren frijsprutsen waarden of apart fan 'e moardsaak ôfhannele waarden. In hôf fan berop befêstige de measte útspraken op 5 maaie 2022.
De famylje fan Dink brocht op 26 maart 2021 in ferklearring út, wêryn't hja stelden dat de fonnissen gjin yndruk makken, wylst harren abbekaat sei dat ferskillende oerheidsfunksjonarissen dy't ek oan 'e moard dielnamen net iens berjocht waarden.
Samast waard op 15 novimber 2023 nei it útsitten fan 16 jier en 10 moanne frijlitten fanwegen goed gedrach. Op 6 desimber 2023 lei in rjochtbank Samast in ynternasjonaal reisferbod op. De wike dêrnei frege Samast om in feroaring fan syn namme. Hy sei dat er op jonge leeftyd by in slim ynsidint belutsen wie: As gefolch dêrfan ha ik it dreech yn 'e maatskippij. Ik kin gjin frede fine, ik wol fergetten wurde. Syn útstelde namme waard op grutte skaal yn 'e Turkske parse bekend makke.
Europeeske Hôf foar de Rjochten fan 'e Mins
bewurkje seksjeYn 2011 oardiele it Europeeske Hôf foar de Rjochten fan 'e Mins dat Turkije der yn faald hie om it libben en de frijheid fan mieningsutering fan Hrant Dink te beskermjen. Hy krige deadsbedrigingen fan ultranasjonalisten nei 't er skreaun hie oer de Turksk-Armeenske identiteit, de Armeenske ôfkomst fan ien fan 'e adoptearre dochters fan Atatürk en de rol fan Turkije yn 'e genoside op 'e Armeenjers yn 'e Earste Wrâldkriich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:en:Hrant Dink].
|