IJmuiden is in havenstêd yn de gemeente Felsen, yn de provinsje Noard-Hollân. It Noardseekanaal is dêr mei sluzen mei de Noardsee ferbûn. Yn de havenmûning leit it Forteilân, in ûnderdiel fan de Stelling fan Amsterdam.

IJmuiden
Noardseekanaal mei IJmuiden rjochts
Noardseekanaal mei IJmuiden rjochts
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Felsen
Sifers
Ynwennertal ↓31.925 (2019)
Oar
Koördinaten
Lizzing fan de gemeente Felsen
Lizzing IJmuiden yn de gemeente Felsen

IJmuiden hat fjouwer havens: de Fiskershaven (Letterkoade IJM) mei in fiskôfslach, de hjerringhaven, de IJmûnhaven en Seaport Marina IJmuiden, in haven foar de rekreaasjefeart. IJmuiden is sadwaande de tredde haven fan it lân. Allinne de havens fan Rotterdam en Amsterdam binne grutter. IJmuiden is teffens de grutste fiskershaven fan Nederlân. Ut de fiskershaven wei wurdt ek in feartsjinst op Newcastle ûnderhâlden.

De namme IJmuiden

bewurkje seksje

Fier foar it útdollen fan it Noardseekanaal, yn 1848, publisearre de sjoernalist Simon Vissering (letter heechlearaar en minister yn it kabinet Van Lynden van Sandenburg) in artikel dêr't er in boatreis fan Amsterdam nei "IJ-muiden" (= mûning fan it IJ) yn beskreau. Neidat it kanaal yn 1876 foltôge wie, waard it nije plak dat doe ûntstie IJmuiden neamd, in earbetoan oan Vissering.

De arbeiders dy't oan it Noardseekanaal wurke hienen, setten har nei wenjen by de Noardseesluzen doe't it kanaal klear wie; guon fûnen wurk yn de fiskyndustry, mar in protte waarden stôkearm. Foardat it IJmuiden fan no boud wie, hjitte it dêr Breesaap; in keale flakte dêr't mar in hânfol boerkes in skraal bestean fûnen. Yn 1851 waard de streek ferkocht oan de ûndernimmers Bik en Arnold, dy't de oantrún foar de oanlis fan it kanaal joegen, in plan dat al sûnt 1626 bestie. Op 8 april 1865 gie de earste bats de grûn yn.

Op 12 maaie 1940 sette it prinslik pear jûns om 23.00 oere mei de H.M.S. Codrington út IJmuiden wei ôf nei Ingelân, it begjin fan de besetting troch Dútslân dy't fiif jier duorje soe. Yn de oarlochsjierren waard IJmuiden diel fan de Atlantikwall en feroare yn in swier befeilige festing, Festung IJmuiden. Ald-IJmuiden by de havens en IJmuiden-Noard oan it kanaal waarden om dy reden foar in grut part ôfbrutsen troch de Dútsers. Leden fan de pleatslike fersetsgroep (RVV), dêr't ek Hannie Schaft by siet, slagge it dochs om fan de lânkant yn de festing te kommen en ynformaasje te garjen. Op de Heechovens (ûnder Dútske kontrôle) waard al ier sabotearre ûnder oaren troch Jan Brasser (Witte Ko). Oare ferneamde fersetsminsken wienen de eardere Heechoven-sjaufeur Jan Bonekamp dy't mei de niis neamden oparbeide hat en de stasjonssjef, De Noo. Plysjes út IJmuiden kamen fral oan de ein fan de kriich op in minne namme te stean fanwege selsferriking en dûbelspul. Sawol de Heechovens, in Dútske Schnellbootbunker as ek havengebouwen waarden mear as ien kear bombardearre troch de alliearden. Op 15 desimber 1944 is noch besocht de Schnellbootbunker te fernielen mei in Tallboybom, mar de bom rekke de bunker net.

IJmuiden hat fjouwer wiken dy't elts in eigen bestjoer hawwe. IJmuiden-Noard, IJmuiden-West en See- en Duinwijk haawe har eigen plysjeburo, dêr't it haadkantoar fan yn IJmuiden-Noard sit. De brânwar hat yn See- en Dúnwyk in post.

Wynmûnepark

bewurkje seksje

Sa'n 23 kilometer út de kust fan IJmuiden wurdt arbeide oan in mânsk wynmûnepark.

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

IJmuiden hat in ferskaat oan busferbinings mei ûnder oaren Haarlim, Beverwyk, Heemskerk en Amsterdam. Der is ek in flugge boatferbining mei Amsterdam Sintraal.

  • TV-Stasjon Seaport TV
  • Radiostjoerder Seaport FM
  • De IJmuider Courant, in krante foar IJmuiden en omkriten
  • De Jutter, in wykblêd
  • Nieuwsblad IJmuiden, in wykblêd

Ferneamde IJmuidners

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje