Johan Bok
Johan Bok (Snits, 5 novimber 1929 - dêre, 18 augustus 2002) wie in Frysk musikus.[1] As muzyklearaar stie er oan skoallen yn Drachten en Snits en joech les oan de kweekskoalle yn Ljouwert.
Johan Bok kaam nei de Twadde Wrâldoarloch yn de amusemintsmuzyk terjocht. Hy spile by de Rhytm Tigers en it Rudy Young Sextet dy't de muzyk fersoarge yn de dancing fan Sipke Castelein oan it Suderplein yn Ljouwert. Mei de Amsterdamske Rhytm Club trede er in soad yn Dútslân op.
Johan Bok komponearre muzyk foar ferskate kabaretiers lykas Leny en Leo Dijkstra en Rients Gratama. By in tal programma's die er de begelieding. Nei syn pensjoen stuts er in soad tiid yn it liederskip fan Salonorkest Plumeau en de eigen 'Bigband John Bok'. Hy wurke as pianist ek mei oan it selskip fan Leo Dijkstra: it Selskip Leo Dykstra. Yn 1982 ferskynde fan it Bokwerder Feestorkest ûnder syn lieding de plaat Ik Bin Gurbe. Hy waard beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |