Larma D'Acy
Larma D'Acy is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi. D'Acy waard betocht troch regisseur en senarioskriuwer Rian Johnson. Se is in heech ofsier fan it Ferset. It personaazje fan Larma D'Acy waard yn The Last Jedi en yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker spile troch aktrise Amanda Lawrence.
Larma D'Acy personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske (Warlenttaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | militêr | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Leia Organa Amilyn Holdo Maz Kanata | |
geastlike heit | Rian Johnson | |
ûntstean | 2017 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjeLarma D'Acy is berne op 'e planeet Warlentta en komt út in famylje mei in lange skiednis fan militêre tsjinst. Hja wurdt troch generaal Leia Organa persoanlik rekrutearre foar it Ferset tsjin 'e faksistoïde Earste Oarder, dy't it foarsjoen hat op 'e folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsel. Se kriget de rang fan kaptein-luitenant.
Yn The Last Jedi
bewurkje seksjeYn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), it middelste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, tsjinnet D'Acy op 'e brêge fan 'e kruser Raddus, it flaggeskip fan 'e float fan it Ferset, by de ûntromming fan 'e fersetsbasis op 'e planeet D'Qar, dy't ûnderbrutsen wurdt troch de oankomst fan 'e stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder ûnder generaal Hux. De fersetsfloat ûntkomt troch de hyperromte, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele dat it mooglik makket om romteskippen troch de hyperromte te folgjen. Sadwaande komt de fersetsfloat by it binnenkommen fan 'e reële romte fannijs ûnder oanfal. Dêrby wurdt de brêge fan 'e Raddus ferwoastge, mei de dea fan hast de hiele lieding fan it Ferset ta gefolch, útsein fan generaal Organa. D'Acy oerlibbet de oanfal inkeld trochdat se har op dat stuit tafalligerwize earne oars op it skip befynt.
Neitiid draacht D'Acy, no de heechste ofsier oan board fan 'e Raddus, it befel oer de fersetsfloat oer oan fise-admiraal Amilyn Holdo, de befelfierend ofsier fan 'e kruser Ninka. De fersetsfloat wurdt efterfolge troch de Earste Oarder en it iene skip nei it oare giet ferlern, oant inkeld de Raddus noch oer is. Under de rebûlje fan Poe Dameron en Kaydel Ko Connix bliuwt D'Acy trou oan Holdo. Se is dêrom ien fan 'e ofsieren dy't troch Dameron-en-dy finzen nommen wurde. Se brekke lykwols los en witte mei de help fan generaal Organa, dy't noch mar krekt út 'e sikeboech komt, de kontrôle oer de Raddus werom te winnen.
Mei Leia Organa en de oare oerlibjende fersetslju set D'Acy yn kamûflearre transportskipkes ôf nei de planeet Crait, dêr't de Raddus deun bylâns komt. Op Crait sykje se beskûl yn in âlde basis fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch. D'Acy jout lieding oan 'e ferdiging fan 'e basis tsjin 'e Earste Oarder. Hja oerlibbet de belegering en is nei Organa it heechst pleatste lid fan it Ferset dat úteinlik evakuëarre wurdt yn 'e Millennium Falcon.
Yn The Rise of Skywalker
bewurkje seksjeYn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) is D'Acy nei de ûntsnapping fan Crait belutsen by it opsetten fan in nije fersetsbasis op Ajan Kloss. Dêr hat se de lieding nei't Leia Organa yn 'e minnichte rekket en úteinlik ferstjert. Letter is se ien fan 'e lieders fan 'e fersetsfloat dy't it yn 'e Slach by Exegol opnimt tsjin 'e stjerreslachskippen fan 'e Ivige Sith en de út 'e dea opstiene keizer Palpatine. Nei de oerwinning omearmet en tutet se by har weromkear op Ajan Kloss har frou, luitenant Wrobie Tyce, dy't in piloate by it Ferset is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |