Metro
De metro is in foarm fan iepenbier ferfier oer it spoar yn grutte stêden of stêdekloften, dy't gebrûk makket fan in konfliktfrije baan mei ûngelykflierske krusings. Dat betsjut dat it spoar fan 'e metro almeast oanlein is yn in tunnel ûnder de grûn, of oars oer in fiadukt dat him boppe it strjittenivo úttilt.
- Dizze side giet oer de foarm fan ferfier. Foar oare betsjuttings, sjoch: Metro (betsjuttingsside).
De term 'metro' is in ferkoarting fan Metropolitan Railway ("Grutstedsk Spoar"), de namme fan 'e earste metroline fan 'e wrâld, dy't yn 1863 yn Londen yn gebrûk nommen waard. Yn it Nederlânsk wurdt de metro om foar de hân lizzende redens ek wol de ondergrondse ("de ûndergrûnse") neamd. Yn it Amerikaansk-Ingelsk sprekt men fan subway (letterlik: "ûnderwei"), dat itselde skaaimerk fan 'e metro oantsjut. Itselde jildt foar it Dútske U-Bahn (fan Untergrundbahn). De formele Ingelske beneaming foar dit type ferfier is trouwens rapid transit ("fluch transport").
De metro wurdt karakterisearre troch in hege riidfrekwinsje (der geane mei lytse tuskenskoften de hiele dei troch treinstellen) en in grutte reizgerskapasiteit (elts treinstel kin in protte passazjiers hâlde). De metro hâldt wat de ôfstân tusken de metrostasjons en de faasje en de gewicht fan 'e treinstellen oangiet de midden tusken in trein en in tram. Yn Nederlân beskikke inkeld Amsterdam, sûnt 1977 (de Amsterdamske Metro), en Rotterdam, sûnt 1968 (de Rotterdamske Metro), oer in eigen metronetwurk. Yn Belgje hat allinne Brussel sa'n netwurk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|