N.K. Jemisin
N.K. Jemisin (folút: Nora K. Jemisin; Iowa City (Iowa), 19 septimber 1972), is in Amerikaansk skriuwster, essayiste, blochster, psychologe, universiteitsdekaan en aktiviste fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Har oeuvre heart ta de sjenres fan 'e fantasy en science fiction. Jemisin is iepentlik biseksueel, en hat ferskate kearen nominearre west foar prestizjeuze literêre prizen yn har sjenres, wêrûnder de Hugo Award, de Nebula Award en de World Fantasy Award. Fan 2016 oant 2018 wûn se trijeris op rige de Hugo Award yn 'e kategory bêste roman.
N.K. Jemisin | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nora K. Jemisin | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 19 septimber 1972 | |
berteplak | Iowa City (Iowa) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, SF, essay's, blôch | |
tema's | kulturele & seksuële konflikten | |
bekendste wurk(en) |
The Hundred Thousand Kingdoms The Killing Moon The Broken Earth | |
útjouwer | Orbit Books | |
prizen | Hugo Award 2016, 2017, 2018 Locus Award 2011 | |
jierren aktyf | 2004 – no | |
offisjele webside | ||
nkjemisin.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeN.K. Jemisin waard yn 1972 berne yn Iowa City, yn 'e steat Iowa. Hja brocht har jonkheid foar in diel troch yn 'e stêd New York en foar in diel yn Mobile, yn it súdlike Alabama, dêr't har famylje wei kaam. Se hie yn dy tiid in nauwe bân mei har folle neef W. Kamau Bell, dy't letter bekend wurde soe as komyk en dokumintêremakker. Jemisin studearre fan 1990 oant 1994 oan 'e Tulane Universiteit yn New Orleans, yn Louisiana, dêr't se in bachelorstitel yn psychology helle. Neitiid sette se dy oan 'e Universiteit fan Marylân College Park, yn College Park, om yn in masterstitel yn psychology en ûnderwiiskunde. Jemisin wenne letter tsien jier lang yn 'e noardeastlike steat Massachusetts, foar't hja har úteinlik nei wenjen sette yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn, dêr't se wurket as universiteitsdekaan.
Skriuwkarriêre
bewurkje seksjeJemisin begûn te skriuwen doe't se tsien jier âld wie, mar se is wisberet dat har iere skriuwerij, yn har eigen wurden, "nea it deiljocht sjen sil." Yn 2002 folge se de Viable Paradise-skriuwworkshop, wêrnei't se ferskate koarte ferhalen begûn te publisearjen. Se foarme ûnderdiel fan 'e skriuwersgroep de BRAWLers, út 'e omkriten fan Boston, en is tsjintwurdich in lid fan 'e skriuwersgroep Altered Fluid, út New York.
Yn 2010 kaam Jemisin har earste boek út, The Hundred Thousand Kingdoms, dat mei loovjende kritiken ûntfongen waard en har in Locus Award foar bêste fantasyroman, in Japanske Sense of Gender Award en nominaasjes foar ferskate oare prizen opsmiet. Fan har folgjende boeken diene fral The Broken Kingdoms, The Killing Moon, The Shadowed Sun, The Fifth Season, The Obelisk Gate en The Stone Sky it goed. Dy trije lêste boeken (dy't de trilogy The Broken Earth foarmje) waarden yn 2016, resp. 2017 en 2018 bekroane mei in prestizjeuze Hugo Award, de heechste literêre priis foar fantasy- en science fiction-boeken, yn 'e kategory bêste roman. Jemisin is de iennichste auteur dy't dy priis trije kear efterinoar wûn hat. Dêrnjonken hat se noch trije kear nominearre west foar in Hugo Award, fjouwer kear foar in World Fantasy Award en seis kear foar in Nebula Award.
Yn july 2016 sei Jemisin har baan op om har fulltime oan har skriuwkarriêre te wijen. Sûnt jannewaris 2016 skriuwt se fierders ienris yn 'e twa moannen de kollumn Otherworldly yn 'e krante The New York Times. Har fiksje ferkent in wiid útinoar rinnend ferskaat oan tema's en motiven, wêrûnder kulturele en seksuële konflikten en de dêrút fuortkommende ûnderdrukking. N.K. Jemisin hat har sûnt likernôch 2012 ferset tsjin alle foarmen fan rasisme, seksisme en homofoby yn 'e science fiction- en fantasy-subkultuer fan 'e Feriene Steaten. Se docht dat û.m. troch sokke saken oan 'e kaak te stellen op har blôch. Dit krewearjen hat har sawol freonen as fijannen oplevere.
Under har taspraak foar it Continuum-sympoasium yn Austraalje, yn 2013, wiisde Jemisin derop dat 10% fan 'e leden fan 'e Science Fiction and Fantasy Writers of America (SFWA) derfoar stimd hie om 'e skriuwer Theodore Beale (ek bekend as Vox Day), in lid fan 'e ekstreem-rjochtse alt right-beweging, ta foarsitter te beneamen. Se neamde Beale "ien dy't himsels omskreaun hat as frouljushater, rasist, antysemyt en in noch pear oare smaken kloatsak," en wiisde derop dat it stilhâlden fan sokke dingen itselde wie as se mooglik te meitsjen. Beale reägearre troch Jemisin út te meitsjen foar in "ûnderrjochte mar ûntwittende wylde". In link nei dy opmerkings waard op 'e Twitterside fan 'e SFWA pleatst, wêrnei't Beale út 'e organisaasje set waard.
Wurk
bewurkje seksjeRomans
bewurkje seksje- de Inheritance-trilogy
- 2010 – The Hundred Thousand Kingdoms
- 2010 – The Broken Kingdoms
- 2011 – The Kingdom of Gods
- 2014 – The Inheritance Trilogy (omnibusedysje fan The Hundred Thousand Kingdoms, The Broken Kingdoms en The Kingdoms of Gods)
- 2014 – The Awakened Kingdom (in novelle yn deselde wrâld)
- 2015 – Shades in Shadows (in roman yn deselde wrâld)
- The Dreamblood-duology
- 2012 – The Killing Moon
- 2012 – The Shadowed Sun
- 2016 – The Dreamblood Duology (omnibusedysje fan The Killing Moon en The Shadowed Sun)
- The Broken Earth
- 2015 – The Fifth Season
- 2016 – The Obelisk Gate
- 2017 – The Stone Sky
- Great Cities-trilogy
- 2019 – The City We Became
- 2022 – The World We Make
Koarte fiksje
bewurkje seksje- blomlêzings
- 2014 – Systems Fail (mei Hiromi Goto)
- koarte ferhalen
- 2004 – L'Alchimista (yn Scattered, Covered, Smothered)
- 2004 – Too Many Yesterdays, Not Enough Tomorrows (yn Ideomancer)
- 2005 – Red Riding-Hood's Child (yn Fishnet)
- 2005 – Cloud Dragon Skies (yn Strange Horizons)
- 2007 – The You Train (yn Strange Horizons)
- 2007 – The Narcomancer (yn Helix, werprinte yn Transcriptase)
- 2007 – The Brides of Heaven (yn Helix, werprinte yn Transcriptase)
- 2007 – Bittersweet (yn Abyss and Apex)
- 2008 – Playing Nice With God's Bowling Ball (yn Baen's Universe)
- 2009 – The Dancer's War (yn Like Twin Stars: Bisexual Erotic Stories)
- 2009 – Non-Zero Probabilities (yn Clarkesworld Magazine)
- 2010 – Sinners, Saints, Dragons, and Haints in the City Beneath the Still Waters (yn Postscripts)
- 2010 – On the Banks of the River Lex (yn Clarkesworld Magazine)
- 2011 – The Effluent Engine (yn Steam-Powered: Lesbian Steampunk Stories)
- 2011 – The Trojan Girl (yn Weird Tales)
- 2011 – 1929: the Singular Taffy Puller
- 2012 – Valedictorian (yn After: Nineteen Stories of Apocalypse and Dystopia)
- 2014 – Walking Awake
- 2014 – Stone Hunger
- 2016 – The City Born Great
Essay's
bewurkje seksje- 2012 – WisCon Blogs: Documents of Conversation and Struggle (mei Saladin Ahmed, K. Tempest Bradford, Amal El-Mohtar, Woodrow Jarvis Hill, Shweta Narayan en Shveta Thakrar)
- 2013 – How Long 'til Black Future Month? The Toxins of Speculative Fiction, and the Antidote That Is Janelle Monáe
- 2014 – Dreaming Awake
- 2014 – There's No Such Thing As a Good Stereotype
- 2014 – Fantastic Profanity
- 2014 – Why I Think RaceFail Was the Bestest Thing Evar for SFF
- 2014 – Guest of Honor Speech for Continuum IX
- 2014 – Time to Pick a Side
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2004 | The Year's Best Fantasy and Horror, 18th Collection | wûn | earfolle fermelding | L'Alchimista |
2010 | Goodreads Choice Award | nominearre | bêste roman | The Hundred Thousand Kingdoms |
Hugo Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | Non-Zero Probabilities | |
James Tiptree, Jr. Award | nominearre | n.f.t. | The Hundred Thousand Kingdoms | |
Nebula Award | nominearre | bêste roman | The Hundred Thousand Kingdoms | |
nominearre | bêste koarte ferhaal | Non-Zero Probabilities | ||
Romantic Times Reviewers' Choice Award | nominearre | epyske fantasyroman | The Hundred Thousand Kingdoms | |
wûn | bêste fantasyroman | The Broken Kingdoms | ||
2011 | David Gemmell Award | nominearre | David Gemmell Morningstar Award for Best Fantasy Newcomer | The Hundred Thousand Kingdoms |
IAFA William L. Crawford Fantasy Award | nominearre | n.f.t. | The Hundred Thousand Kingdoms | |
Hugo Award | nominearre | bêste roman | The Hundred Thousand Kingdoms | |
Locus Award | wûn | bêste fantasyroman | The Hundred Thousand Kingdoms | |
Romantic Times Reviewers' Choice Award | nominearre | epyske fantasyroman | The Kingdom of Gods | |
Sense of Gender Award (Japansk) | wûn | n.f.t. | The Hundred Thousands Kingdoms | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | The Hundred Thousand Kingdoms | |
2012 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | The Kingdom of Gods |
Romantic Times Reviewers' Choice Award | wûn | bêste fantasyroman | The Shadowed Sun | |
2013 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | The Killing Moon |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | The Killing Moon | |
2015 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | The Fifth Season |
2016 | Hugo Award | wûn | bêste roman | The Fifth Season |
Locus Award | nominearre | bêste roman | The Fifth Season | |
Nebula Award | nominearre | bêste roman | The Obelisk Gate | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | The Fifth Season | |
2017 | Hugo Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | The City Born Great |
wûn | bêste roman | The Obelisk Gate | ||
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | The Obelisk Gate | |
2018 | Hugo Award | wûn | bêste roman | The Stone Sky |
Locus Award | wûn | bêste fantasyroman | The Stone Sky | |
Nebula Award | wûn | bêste roman | The Stone Sky |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |