Nijere brekking
De nijere brekking of Nijfryske brekking is in foarm fan brekking en in taalkundich ferskynsel dat yn 'e grammatika fan it Frysk in wichtich plak ynnimt. Hjirby ferskowe in seistal twalûden fan klank as it grûnwurd ferbûgd wurdt, en dêrby feroarje se fan in ôfgeand twalûd yn in opgeand twalûd. De nijere brekking is in frij resinte fernijing, dy't him om 1820 hinne foar it earst yn it Frysk oppenearre. It ûntstean fan dit ferskynsel jildt yn 'e Fryske histoaryske periodisearring as de oergong fan it Midfrysk nei it Nijfrysk.
Hjirûnder de brekking fan fiif belutsen twalûden (de ue brekt net):
twaklank | IPA | grûnwurd | útspraak | ferbûgde foarm | útspraak | ||
---|---|---|---|---|---|---|---|
ea | [ɪ.ǝ] | beam | [bɪ.ǝm] | "bì-em" | beammen | ['bjɛmǝn] | "bjemmen" |
ie | [i.ǝ] | stien | [sti.ǝn] | "sty-en" | stiennen | ['stjɪnǝn] | "stjinnen" |
oa | [o.ǝ] | doas | [do.ǝs] | "do-es" | doaske | ['dṷɑskǝ] | "dwaske" |
oai | [o:i̭] | moai | [mo:i̭] | "moa-y" | moaier | ['mṷa:iər] | "mwaajer" |
oe | [u.ǝ] | hoed | [hu.ǝt] | "hû-ed" | huodden | ['hṷodən] | "hwodden" |
regionaal ek: | |||||||
ue | [y.ǝ] | flues | [fly.ǝs] | "flú-es" | fluezzen | ['fljœzǝn] | "fljuzzen" |
Foàr 1820 kaam dit ferskynsel net foar, en moat it Frysk sadwaande in hiel oare klank hân hawwe. It Súdwesthoeksk ûnderskiedt him fan 'e oare trije Fryske haaddialekten trochdat yn dat dialekt de nijere brekking nea trochfierd is. Ek yn 'e lytse eilândialekten (Aastersk, Skylgersk en Skiermûntseagersk) en it Hylpersk komt de nijere brekking net foar.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|