Noardwyk (Grinslân)
Noardwyk (Nederlânsk en offisjeel: Noordwijk; Grinslânsk: Noordwiek) is in doarpke yn it suden fan de gemeente Westerkertier yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp leit in pear kilometer noardlik fan Mearum, oan de dyk nei Grootegast. De namme Noardwyk soe ôflaat wêze fan in buert benoarden Mearum. It doarp hat sawat 220 ynwenners. Noardwyk leit op in krusing wêrfan't de strjitnammen de rjochting oanjouwe: Noarderwei, Westerwei en Easterwei.
Noardwyk Noordwijk | ||
Herfoarme tsjerke Noardwyk (2010) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 225 (2023) [1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N980 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
De tsjerke fan Noardwyk komt út it begjin fan de 14e iuw. It tsjerkje is eigendom fan de "Stichting Oude Groninger Kerken" en is begjin 21e iuw restaurearre. Fanôf it lykhúske efter de tsjerke rint it Leedoansizzerspaad, in loop dy't de skiednis fan it doarp yn de njoggentjinde iuw behannelet.
-
Molkfabryk yn it doarp (2011)
-
deahúske by de tsjerke (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|