Oepke Plat (Menaam, 8 desimber 1897 - dêre, 12 novimber 1991) wie in jirpelkeapman en -kweker en koardirigint.

Hy sette him yn foar gearwurking tusken partikuliere en koöperative jirpelhannel, wat him yn 1956 slagge.

Fan 1945-1964 wie er foarsitter fan de Feriening fan Jirpelhannelers yn Fryslân. Hy krige meardere ûnderskiedings. Fan 1919 - 1969 wie er dirigint fan de pleatslike sjongferiening Harmonie. Sûnt 1954 dirigint fan it Kristlik Fokaal Dûbel Kwartet mei optredens foar ûnder oare de NCRV en twa grammofoanplaten: Menamer Stimmen en Lof sjong de Heare.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: