Oranje (Drinte)
Oranje is in lyts doarp yn de provinsje Drinte, yn de gemeente Midden-Drinte, oan it Oranjekanaal tusken Hijken en Smilde.
Oranje | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Midden-Drinte | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 140 |
Oranje leit om in eardere ierappelmoalfabryk fan Avebe hinne, dat al mids jierren tachtich tichtgien is. Fan 1992 oant yn 2014 húsmanne Boartersstêd Oranje yn dy fabryk. By it gebou leit ek it bungalowpark Pipodoarp. Yn oktober 2014 waard nije bestimming troch eigner Hennie van der Most fûn, it bungalowpark Oranje waard verhierd oan it 'COA' om der asylsikers yn ûnder te bringen.
Tichteby Oranje leit it Hijkerfjild. Bewesten dat natuergebiet leit it "Diependal"; earder floeifjilden fan it ierappelmoalfabryk, no is it in natuerreservaat dêr't it publyk net komme mei.
Tink derom
bewurkje seksjeOranjedoarp is in oar doarp lâns in kanaal yn Drinte dat net beiiisd moat wurde mei Oranje oan it Oranjekanaal.