Polderhaadkanaal

(Trochferwiisd fan Polderhoofdkanaal)

It Polderhaadkanaal, ek wol de Nij-Beetster Feart neamd, is in kanaal yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân, wêrfan't de oanlis datearret fan 1875. It kanaal ferbynt Nij Beets mei De Feanhoop yn de Grutte Polder Opsterlân. By De Feanhoop stiet it wetter yn ferbining mei de Kromme Ie. Yn Nij Beets stiet it wetter yn ferbining mei de nei it súdwesten rinnende Skipsleat.

It lêste stik kanaal yn De Feanhoop.

Yn de grutte feanpolder komt parswetter fan it Drintsk Plato omheech. Dat makket dat it wetter yn it kanaal in tige goede kwaliteit hat mei it gefolch in ryk ferskaat oan floara en fauna.

Der hat in soad te dwaan west om it kanaal wer iepen te meitsjen foar boaten. Natoerleafhawwers (Fryske Feriening foar Fjildbiology), boatsjeminsken, ynstânsjes en Nij Beetsters koene it dêroer ynearsten net iens wurde. Desimber 2014 wie it kanaal lykwols technysk ree en op 1 july 2015 is it iepene foar de plezierfeart, mei in maksimale djipgong fan 90 cm en trochfearthichte fan maksimaal 2 meter 70. It kanaal jout in twadde tagong ta de Turfrûte.