Rhijnvis Feith
Rhijnvis Feith (Swol, 7 febrewaris 1753 (doopdatum) – dêre, 8 febrewaris 1824) wie in Nederlânsk skriuwer fan gedichten, toanielstikken, in stikmannich kantates en in teoretyske ferhanneling oer Kant en dichtkeunst.
Rhijnvis Feith | ||
skriuwer | ||
Rhijnvis Feith (1819) skildere fan Willem Bartel van der Kooi | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Swol | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman, ferhalen, essay |
Biografy
bewurkje seksjeFeith stamme út in begoedige regintelaach út Elburg en wie iennichst bern fan Pieter Feith en Elsabé Spaar. Hy studearre rjochten oan de Universiteit Leien (1769-1770) en promovearre dêr al nei ien jier. Op 17 novimber 1772 boaske er oan Ockje Groeneveld. It pear krige njoggen bern. Simmerdeis wenne er op syn bûtenpleats Boschwijk (Heinosewei) en yn 'e winter hâlde er ta yn de stêd.[1] Dêr hold er in salon en wiene ûnder oaren Willem Bilderdijk en Jan Frederik Helmers syn gasten.
Feith gie by de patriotten, faaks ûnder ynfloed fan syn buorman Joan Derk van der Capellen tot den Pol. Febrewaris 1787 waard er troch de froedskip fan Swol sûnder goedkar fan de steedhâlder ta boargemaster keazen, in funksje dy't it meast liket op dy fan in gemeenteriedslid fan no. Dy funksje hold er sân moannen. Septimber 1787 wie de Prusyske yntervinsje, dy't it gesach fan Willem V fan Oranje-Nassau fannijs fêstige. Feith wie net tsjin de steedhâlder, mar wie mear in fûl tsjinstanner fan de aristokratyske steatsgesinde partij.
Rhijnvis Feith waard yn 1780 beneamd ta ûntfanger fan de belêstingen (konvoaien en lisinten) op it belestingkantoar fan syn heit; dat wie er oant 1814.
Rhijnvis Feith stoar yn Swol op 8 febrewaris 1824 middeis tuske healwei twanen en twa oere.[2] Hy waard beierdige yn de Grutte of Sint-Michaelstsjerke yn Swol, mar waard op 6 oktober 1825 op 'en nij beïerdige op it Algemien Begraafplak Meppelerstrjitwei, dat no in ryksmonumint is. De dichter Anthony Christiaan Winand Staring skreau in gedicht ta oantins fan Feith.
Wurk
bewurkje seksjeRhijnvis Feith hearde ta de literêre streaming fan it sentimintalisme. Hy stie op it stânpunt dat de natoer net slaafsk folge wurde moast, mar idealisearre wurde moast.
- Het ideaal in de kunst (1782, in ferhanneling, 1823 ynstjoerd foar de priisfraach Hollandsche Maatschappij van Fraaije Kunsten en Wetenschappen)
- Verhandeling over het heldendicht (1782)
- Fanny, een fragment (1783)
- Julia (1783; briefroman)
- Brieven over verscheidene onderwerpen (6 dielen, 1784–1793)
- Thirsa, of de zege van de godsdienst (1784; treurspul)
- Dagboek mijner goede werken (1785)
- Ferdinand en Constantia (2 dielen, 1785)
- Lady Johanna Gray (1791)
- Het graf (1792)
- Bijdragen ter bevordering der schoone kunsten en wetenschappen (3 stikken, 1793–1796; mei Jacobus Kantelaar)
- Ines de Castro (1793; treurspul)
- Oden en gedichten (5 delen, 1796–1814)
- De ouderdom (1802)
- Brieven aan Sophie (1806)
- Verlustiging van mijnen ouderdom (1818)
- De eenzaamheid en De Wereld (1821)
- Verhandelingen (1826)
- Dicht- en prozaïsche werken (15 dielen, 1824–1826)
Grêfskrift
bewurkje seksjeOp syn grêf yn Swol stiet:
Dat alles wat ik was of had de dood vrij roove;
Gods waarheid wankelt niet, wie immer op haar bouw.
Ik geloof in Jesus, en ik stierf in dat gelove,
Mijn stof rust in dit graf op zijn verdienste en trouw.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Rhijnvis Feith yn de Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren
- De Verlossing van Nederland en Rhijnvis Feith
- Webstee oer dichtkeunst yn de Patriottetiid
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|