Rif (sânplaat)
Rif is de namme fan in lyts, ûnbewenne sânplaat yn de Waadsee. It leit foar de kust fan Fryslân, tusken It Amelân en Skiermûntseach yn, noardlik fan de Kalkman. De plaat heart dêrmei ta de Westfryske eilannen.
It Rif is in frij hege sânplaat fan goed oardel meter boppe NAP, mei sûnt inkelde jierren wat dúnfoarming. De sânplaat tsjinnet as briedplak fan guon seefûgels, bygelyks de stirnzen briede dêr. Yn it briedseizoen, fan maaie oant augustus, is de sânplaat ferbean gebiet. Ek is it in wichtich rêstplak foar seehûnen by heech wetter.
Njonken dizze frij lizzende sânplaat It Rif is der ek in sânplaat fêstwoeksen oan Skiermûntseach dy't It Rif neamd wurdt.