Stasjon Alkmar (Amr) iepene op 20 desimber 1865, is in stasjon yn de Nederlânske stêd Alkmar yn de provinsje Noard-Hollân. Oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal).

Stasjon Alkmar
station Alkmaar
Stasjon Alkmar yn 2006
Stasjon Alkmar yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Alkmar
plak Alkmar
adres Stationsweg 43c
arsjitektuer
stasjonskoade Amr
iepening 20 desimber 1865
boujier 1865
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 5
spoarline Steatsline K
Spoar fan Alkmar nei Hoarn
21.026 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Alkmar (Alkmar)
Stasjon Alkmar
 
Stasjon Alkmar om en de by 1870
 
Stasjon Alkmar begjin 1900
 
Stasjon Alkmar om en de by 1920
 
Stasjon Alkmar yn 1954

It stasjonsgebou fan Alkmar is ien fan de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de sechstiger jierren fan de 19e iuw Fan de fiif noch oanwêzige stasjons fan it Type SS tredde klasse binne der noch trije bylâns de (steatsline B). Dat giet om Harns (1863), Ljouwert (1863) Wynskoat (1865) en ien oan de Steatsline F en dat is Stasjon Middelburch. It gebou waard ûntwurpen troch arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

Yn tsjinstelling ta de stasjons Harns, Wynskoat en Middelburch binne dy fan Alkmar en Ljouwert letter yngreven ferboud. Yn Alkmar waarden al yn 1879 de beide úteinen ferhege. Yn 1908 waarden ek de wjukken dertusken ferhege, sadat it hiele gebou twa ferdjippingen krige. Oan de súdlike ein waard in koarte oanbou makke, wêrtroch't it stasjon asymmetrysk wurden is. Fierder is it middelste part nei foaren útwreide.

Yn 1929 kaam ek oan de noardkant noch in oanbou ta stân. Ein jierren 30 ferdwûn op it dak de attyk, de balustrade dy 't it gebou noch wat oansjen joech. Troch de sloop dêrfan krige it stasjonsgebou ynienen in skraler uterlik. Yn de sechstiger jierren waard it middelste part fan de foargevel yngeand feroae. De stasjonshal krige ûnder lieding fan arsjitekt Koen van der Gaast in foar in grut part út glês besteande foarkant dy 't it uterlik sterk feroare. Boppedat gie de eftergevel op de ûnderferdjipping derút, sadat it stasjonsgebou dêr oardel meter djipper wurde koe, yn it neidiel fan it perron.

Yn 1998 folge de folgjende yngeande oanpassing. Under it ôfdak fan it earste perron ûntwurp arsjitekt Theo Fikkers in nije gevel fan kleure glês mei blankhouten stilen. Oan 'e foar- en lofterkant kaam in serre mei in glêzen gevel en wer blankhouten stilen. It dak fan de serre waard trochlutsen oant boppe de yngong fan de perrontunnel. Dat hat ta gefolch dat yn tsjinstelling ta de oare fjouwer stasjons fan it type tredde klasse, it stasjonsgebou sels fan Alkmar gjin monumintale status hat. De perronoerkaping by spoar 2 & 3 hat de status fan gemeentlik monumint.

Yn 2015 waard de tunnel ferfongen troch in 12 meter brede fuotgongersoerstek oer de spoaren. Ek hat de oerstek liften krigen sadat reizgers mei berneweinen, koffers, fyts, rolstoel of rollator dêrfan gebrûk meitsje kinne.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
4800 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimAlkmarHoarn Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: