Stasjon Oisterwijk (Ot) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Oisterwijk yn de provinsje Noard-Brabân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 maaie 1865 foar treinreizgers doe't ek dyt part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1908 is oan de linkerkant in fleugel oanboud. It stasjon bestiet út 2 spoaren, 1 langsperron, en in eilânperron. De twa perrons binne oanlein yn bajonetlizzing, en fia in tunnel mei inoar ferbûn. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as kantoar en ytgelegenheid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|