Stettin
Stettin (Poalsk: Szczecin; Dútsk en Sweedsk: Stettin) is de haadstêd fan West-Pommeren. Troch de stêd rint de rivier de Oder. Hoewol't de Eastsee 65 km noardliker leit, hat Szczecin tegearre mei Świnoujście de grutste seehaven fan Poalen. It is ek in universiteitsstêd.
Stettin | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Poalen |
Provinsje | West-Pommeren |
Distrikt | stedsdistrikt |
Sifers | |
Ynwennertal | 405.657 (2015) |
Oerflak | 301 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 1300 / km² |
Stêdekloft | 777.000 (2015) |
Hichte | 10 m |
Oar | |
Stifting | 8e iuw, yn 1243 stedsrjochten |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webtee fan Szczecin |
Yn 1243 krige Szczecin stedsrjochten en yn 1272 kaam de stêd oan de Hânze. Oant 1999 wie Stettin de haadstêd fan 'e provinsje Stettin; dat jier waard dy provinsje gearfoege mei twa oaren ta in nije provinsje West-Pommeren.
Ynwennertal
bewurkje seksje- 2014 - 408.176
- 2009 - 406.427
- 2004 - 411.900
-
Slot fan de Pommerske hartoggen
-
Jakobuskatedraal
-
De Filharmonia Szczecin
-
It âld stedhûs
Berne yn Stettin/Szczecin
bewurkje seksje- Katarina de Grutte (1729-1796), yn Stettin berne as Sophie Augusta Frederika von Anhalt-Zerbst-Domburg, letter tsarina fan Ruslân
- Alfred Döblin (1878-1957), Dútsktalich skriuwer
- Helga Deen (1925-1943), joadsk famke, slachtoffer fan de Holocaust