Telefyzje of tillefyzje is in massamedium wêrby bylden en lûd trochjûn wurde nei telefyzjetastellen. De tastellen wurde meastal koartwei ek TV neamd. Mei telefyzje wurde ornaris ek de TV-stjoerders en de byhearrende technyk fan it telefyzje meitsjen oantsjut.

Telefyzjetastel

In telefyzjekamera set bylden en lûd om yn elektroanyske sinjalen, dy't troch it ûntfangende telefyzjetastel omset wurde yn byld en lûd. De ûntfanger krijt de sinjalen fia antenne ('ierdske sinjalen' of satellyt) of kabel. Hoe't lûd en byld trochjûn wurde, is ôfhinklik fan de TV-standert. By de oerdrachtstandert wurdt meast in ûnderskied makke wurde tusken analoge en digitale telefyzje.

Hjoed-de-dei binne der ferskate manieren om telefyzje te ûntfangen:

  • Digitaal oer de eter: DVB-T2 HD (Digitenne)
  • Digitaal oer de kabel: DVB-C
  • Digitaal oer de satellyt (skûtelantenne): DVB-S of DVB-S2
  • Digitaal oer in ynternetferbining (ADSL, kabelynternet, glêsfezel)

De earste telefyzje waard yn 1927 yntrodusearre. Yn de tritiger jierren fan de 20e iuw kaam it medium telefyzje fan 'e grûn. Yn 1929 wienen der yn Dútslân al eksperiminten mei de oerdracht fan telefyzje. Yn 1936 wienen de Olympyske Spullen fan Berlyn live op telefyzjes yn Berlyn en Leipzig te sjen.

Yn de fjirtiger jierren waard telefyzje yn de Feriene Steaten en Grut-Brittanje ûnder tafersjoch fan it regear stadichoan in massamedium. Yn de Feriene Steaten waard jild ynbard troch advertinsjes, yn Grut-Brittanje moasten telefyzjebesitters in bydrage betelje.

Yn de jierren fyftich waard yn de Feriene Steaten eksperimintearre mei kleuretelefyzje. De kleuretelefyzje sette pas goed troch yn de lette sechtiger jierren. Yn 1967 waard de kleuretelefyzje ynfierd yn Europa.