The Truth of Valor
The Truth of Valor is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "De Wierheid oer Moed". It boek ferfettet it ferhaal fan âld-sersjant Torin Kerr, nei't hja ôfswaaid is út it marinierskorps fan 'e Konfederaasje. The Truth of Valor is it fyfde en lêste diel fan 'e fiifdielige Valor-searje, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Confederation-searje. (It boek dat derop folget, An Ancient Peace, is it earste diel fan 'e Peacekeeper-searje.) The Truth of Valor waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Paul Youll. Neitiid folge in werútjefte by de Britske útjouwerij Titan Books (ûnder de oanpaste titel The Truth of Valour).
The Truth of Valor | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Tanya Huff | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2010, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Valor-searje | |
● foarich diel | Valor's Trial | |
● folgjend diel | An Ancient Peace | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 06 844 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeDe Confederation-searje spilet yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei tsientallen bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Dy letter talitten rassen binne de saneamde Middelrassen.
Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen en de Middelrassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.
Ynhâld
bewurkje seksjeNei har lêste aventoer as sersjant yn it marinierskorps fan 'e Konfederaasje (sjoch: Valor's Trial), wêrby't se ûntdiek dat de hiele iuwenlange oarloch tusken de Konfederaasje en de Primasy by wize fan eksperimint feroarsake en oan 'e gong holden wie troch selsbewuste polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden (oftewol in soarte fan hyperyntelligint, fan foarm feroarjend, bûtenierdsk plestik) hat Torin Kerr earfol ûntslach frege en krigen en de kriichsmacht ferlitten. Neitid hat se har by har frijer Craig Ryder jûn, in berger fan 'e wrakken fan ferrinnewearre romteskippen. It pear libbet no oan board fan Craig syn lytse romteskip de Promise, en se leart fan him it fak fan berger. Torin hat Craig meinommen nei har thúswrâld Paradise, om har âldelju en bruorren te moetsjen, en Craig nimt har mei nei Stasjon 24, in yllegaal romtestasjon oanlein troch bergers, dat foar him noch in thús it neist is. Torin komt dêr yn 'e kunde mei Pedro Buckner, dy't as in broer foar Craig is, en dy syn beide froulju, syn man en harren espel bern.
Wylst Craig en Torin op Stasjon 24 tahâlde, arrivearret dêr it nijs dat it ferrinnewearre romteskip fan twa bergers, Jan en Sirin, weromfûn is. Nei in syktocht wurde ek de liken fan 'e beide froulju fûn. It is de oare bergers daliks dúdlik wat der bard is: piraten hawwe de troch Jan en Sirin berge wrakstikken stellen. Soks is net ûngewoan, en ornaris litte de bergers de piraten dan begean wylst se harsels út 'e fuotten meitsje. Jan en Sirin hawwe lykwols besocht en fjochtsje werom, mei fatale gefolgen. Foar Torin is it de earste kear dat se konfrontearre wurdt mei it ferskynsel piraterij. Se wol daliks kontakt opnimme mei de warders, dy't de oarder yn 'e Konfederaasje hanthavenje, mar Craig leit har út dat soks gjin sin hat, om't de warders sa traach reägearje dat se gjin inkele kâns meitsje om 'e piraten te finen.
Foar de bergers is piraterij gewoan in feit dêr't se mei libje moatte, en dêr lykje se har by deljûn te hawwen. It iennichste dat se út 'e dea fan Jan en Sirin ôfliede, is dat it bieden fan ferset dom en sinleas is. Torin wit Craig te bepraten om doch nei de warders te gean, dêr't Torin yn 'e kunde komt mei de trage mooltsjes fan 'e Konfederearre burokrasy. Hoewol't se derfan oertsjûge rekket dat oanjefte dwaan by de warders yndie sinleas is, hat se noch in idee: se stjoert in berjocht oan 'e yrritante Katrien-ferslachjouster Presit a Tur durValintrisy, mei wa't se al ferskate kearen earder gedoente hân hat. Se riddenearret dat oandacht fan 'e media foar it probleem fan piraterij de Konfederearre burokrasy twinge sil om aksje te ûndernimmen.
Underwilens komt oan board fan it pirateskip Heart of Stone kaptein MacKenzie Cho, in earder ofsier yn 'e Konfederearre marine dy't himsels oerjûn hat oan it bedriuwen fan piraterij, ta de konklúzje dat der wat bysûnders sit by syn lêste 'fangst', wat útleit wêrom't de bergers har tsjin syn dieverij fan harren wrakken ferset hawwe. It giet om in reuseftige en ûnskansearre wapenkast fan it marinierskorps. Om't de kriichsmacht tige war docht en hâldt fjoerwapens út 'e hannen fan boargers, is dat in geweldige fynst, dy't syn gewicht yn goud wurdich is. It probleem is dat de wapenkast hermetysk ôfsletten is mei in fersegeling fan it marinierskorps mei dêroerhinne in eigen (en folle dreger te ûntsiferjen) fersegeling fan Jan en Sirin. Om 'e fersegeling fan bergers te brekken sûnder de wapenkast op te blazen, hat Cho ferlet fan immen dy't tinkt as in berger. Syn earste besykjen, troch in berger te ûntfieren dy't al jierren as ienling operearret en dêrom net mist wurde sil, mislearret as de âldman in feteraan fan it marinierskorps blykt te wêzen, dy't neat priisjout ûnder de slimste tramtaasjes oant úteinlik syn hert it bejout en hy komt te ferstjerren.
Cho lit him lykwols net ûntmoedigje, en is wisberet om in oare berger te snippen dy't him helpe kin om de fersegeling te trochbrekken. Dy kâns kriget er as er syn bemanningsleden op in ôfhandich romtestasjon Craig en Torin treffe. Se lokje de Promise nei in wrakfjild fier fan bewenne planetestelsels. As Craig en Torin harren dêr yn romtepakken bûten harren eigen skip weagje om it wrakfjild hânmjittich te trochsykjen, komt de Heart of Stone efter in moanne wei foar 't ljocht. Cho lûkt Craig mei in meganyske interheak de luchtslûs fan syn skip binnen, en lit de ferwûne Torin foar dea efter.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Cho-en-dy witte lykwols net wa't se foar har hawwe. Nettsjinsteande har ferwûnings wit Torin mei feardichheid en wat lok de Promise te berikken. Hoewol't de Heart of Stone it bergingsskip besketten hat, is de skea benammen beheind ta grutte gatten yn 'e kapsule. Troch har romtepak ek yn de Promise oan te hâlden, kin Torin mei it skip in romtestasjon berikke dêr't se letter oplape wekker wurdt yn in sikehûsbêd. Oan dat bêd sit Presit a Tur durValintrisy ûngeduldich te wachtsjen oant Torin bykomt. Hoewol't Torin en Presit inoar eins net útstean kinne, is Presit befreone mei Craig, en mei Presit har help ferlit Torin it sikehûs foar't it by immen opkomt om har dat te ferbieden. Oan board fan Presit har romteskip reizgje de beiden mei Presit har kameraman en piloat nei Stasjon 24, wylst Torin ûnderweis stadichoan fierder opbetteret.
Op Stasjon 24 besiket Torin Pedro en de oare bergers te mobilisearjen om Craig te befrijen, mar de yndividualistyske bergers wegerje om nei har te harkjen. Se binne der fan oertsjûge dat Craig al dea of net mear te rêden is. Uteinlik jout Torin it oer om harren fan it tsjindiel te besykjen te bepraten. Se keapet in lyts bergingsskip fan Pedro, de Second Star, en set mei allinne Presit en har kameraman Ceelin a Tar guPolinstarta ôf. Presit har piloat, Merik a Tar konDelasinskin, is ûnderwilens útstjoerd om trije pakketsjes foar Torin op te heljen: as de beide romteskippen inoar moetsje blykt it te gean om guon fan Torin har fertroude ûnderhearrigen dy't mei har ferskate aventoeren oerlibbe hawwe: de Krai-mariniers Werst en Ressk en de minklike skerpskutter Binti Mashona. Alle trije binne tagelyk mei Torin út 'e kriichsmacht ôfswaaid, en net ien fan allegear hawwe se harren draai yn 'e boargermaatskippij fine kinnen. Mei't Craig harren fan 'e finzenisplaneet befrijd hat (sjoch: Valor's Trial), binne se bliid dat se him no werombetelje kinne.
Oan board fan 'e Heart of Stone is Craig ûnderwilens martele, mar hy hat neat priisjûn. Mei it each op syn eardere minne ûnderfinings mei foltering beslút Cho om it oer in oare boech te smiten, op oanrieden fan syn skipsdokter Doc, in eardere legerdokter dy't troch oarlochstrauma's sa skeind is dat er de spjalte persoanlikheid ûntwikkele hat fan in soarchsume dokter en in ûnmeilydsume boal. Se biede Craig lidmaatskip fan harren bemanning oan, no't se him alles ôfnommen hawwe en syn hiele eardere libben (tinke se) ferwuostge hawwe. Craig hat lykwols hoegenamt gjin twifels dat Torin de oanfal yn it wrakfjild oerlibbe hat, en dat se him rêde sil as er mar langernôch yn libben wit te bliuwen. Hy beslút dêrom Cho-en-dy oan it lyntsje te hâlden, en beart dat er ynstimt mei harren foarstel.
Cho hat yn 'e tuskentiid in oerienkomst sletten mei Big Bill Ponner, de baas fan it romtestasjon Vrijheid, dat neffens alle offisjele ferslaggen yn 'e oarloch ferlern gien is. Yn wurklikheid is it noch altyd lokalisearre dêr't it altyd west hat, en makket Big Bill der no de tsjinst út, dy't him fan alle hannel dy't der plakfynt 15% ta-eigenet. Big Bill hat sels noch grandioazere ideeën, om fan 'e piraten in militêre macht fan belang te meitsjen, dy't ferskate romtestasjons behearsket en as gelikense ûnderhannelje kin mei it parlemint fan 'e Konfederaasje. Cho syn fynst fan 'e wapenkast stelt him by steat om 'e piraten te bewapenjen en syn plannen wier te meitsjen. Big Bill en Cho komme ta in oerienkomst om gear te wurkjen by it iepenjen fan 'e wapenkast, dat plakfine sil yn in diel fan it stasjon dêr't foarhinne in metaalsmelterij wie. Sa rint Cho net it risiko dat as de wapenkast ûntploft, syn romteskip mei de loft yngiet. Op Vrijheid wurdt Craig sadwaande mei de geniale jonge di'Taykan-piraat di'Berinango Nadayki oan it wurk set om 'e dûbele fersegeling fan 'e wapenkast te trochbrekken.
Mei ynljochtings fan ien fan 'e bergers op Stasjon 24 spoare Torin-en-dy in pirateskip op. Torin hat gjin tiid te ferliezen, en wit mei hurde hân út ien fan 'e piraten te krijen dat de Heart of Stone faak by it ferlern waande Stasjon Vrijheid te finen is. Ear't de autoriteiten arrivearje om 'e piraten op te pakken, binne Torin-en-dy al wer fuort. Neitiid beslút Torin om te bearen dat se troch har resinte ûntdekkings oer de eftergrûn fan 'e oarloch sa desillúzjonearre rekke is, dat se har yn 'e mande mei Werst, Ressk en Binti Mashona oerjûn hat oan piraterij. Hoewol't sy, Werst, Ressk, Mashona en Presit sels wiidweidich yn it nijs kommen binne troch harren ûntdekking op 'e finzenisplaneet, fungearre Craig doe as kameraman foar Presit, sadat hy amper yn 'e media west hat. Torin rekkenet derop dat nimmen him op Vrijheid weromkenne sil. Fan Presit kriget se in hiel lyts (en folslein yllegaal) kameraatsje mei, sadat dy alles folgje kin wat der bart. Sels wachtet de ferslachjouster mei har kameraman en piloat op feilige ôfstân fan Vrijheid de ûntwikkelings ôf.
Ienris op Vrijheid oankommen, ite Big Bill Ponner en syn trewanten Torin har ferhaal foar sûker op. Big Bill sjocht daliks in mooglikheid om Torin yn syn megalomane plannen op te nimmen, en freget har om syn piraten mei de wapens te trenen as se ienris de wapenkast iepenkrigen hawwe. Torin, Werst, Ressk en Mashona witte harren momkape lang fol te hâlden, ek nei't de geniale jonge di'Taykan Alamber, dy't foar Big Bill wurket, trochkriget dat der wat net doocht. Torin lokket de jonge dan oan board fan 'e Second Star, dêr't se him opslute lit yn it húske. Op 't lêst komme de 'bruorren Grr' (sa't se harsels neame), de beide Krai-liifwachten fan Big Bill, der dochs efter wêr't de foarke fêstsit. Mei muoite wit Torin harren út te skeakeljen, wêrnei't se ek noch de psychopatyske Doc yn in fjochtpartij deadzje moat. Hoewol't se dêrby brutsen ribben en ferskate oer ferwûnings oprint, jout Torin net op, en tegearre mei Craig wit se de wapenkaste fan it stasjon te krijen. Craig hat ûnderwilens oan it stokeljen west tusken Cho en Big Bill, en Cho sjocht de aksjes fan Torin (dy't ommers fan syn eachpunt út foar Big Bill wurket) as in besykjen fan Big Bill om 'e wapenkast te stellen. Algehiele gaos is it gefolch, wêrby't trije partijen, Big Bill en syn trewanten, Cho en de bemanning fan 'e Heart of Stone, en Torin-en-dy, it tsjininoar opnimme.
Torin en Craig witte de Second Star te berikken, mar ûnderwilens wit Cho de yn 'e romte omdriuwende wapenkast te besetten. As er dermei besiket út te naaien, lit Torin Binti Mashona in dreech skot op 'e wapenkast weagje mei de skipslaser fan 'e Second Star. Dêrtroch ûntploft de wapenkast, dy't sa oan 'e kop ta fol mei munysje sit dat nei de eksploazje fan 'e Heart of Stone ek neat mear oer is. Dan restearret foar Torin en Craig noch om te ûntkommen yn 'e Second Star, mar as Big Bill al syn pirateskippen efter harren oanstjoert, sjocht it der min foar harren út. Se wurde rêden troch Presit, dy't oer alle skipsfrekwinsjes de oankundiging útstjoere lit: "Dit is it slachskip de Berganitan fan 'e Konfederearre Marine! Jou jimme daliks oer!" It foarsisbere gefolch is dat de pirateskippen alle kanten útspatte om te ûntkommen, ear't se op harren lange-ôfstânsscanner sjogge dat Presit hat lytse romteskipke yn 'e fierste fierte net in slachskip is. De mûklist wurket lykwols krekt lang genôch om 'e Second Star en Presit har skip ûntkomme te litten nei de hyperromte.
Neitiid folget de berjochting fan Torin en Craig foar de ferskate moarden op 'e piraten dy't se begien binne, mar se wurde fan alle oanklachten frijsprutsen. Yn 'e tuskentiid hat Craig syn eigen skip, de Promise, reparearje litten, en op it plak dêr't foarhinne de laadromte foar de berge skipswrakken wie, hat er no in pear ekstra kapsules meitsje litten, sadat de wenromte oan board drastysk útwreide is. Dat moat ek wol, no't Werst, Ressk, Binti Mashona en de jonge Alamber harren bliuwend by Craig en Torin jouwe. Om't de hiele affêre mei de piraten pynlik dúdlik makke hat dat de warders net tarist binne en gean om mei traumatisearre oarlochsfeteranen dy't it paad fan 'e misdie keazen hawwe, sille Torin en har team tenei de warders yn sokke gefallen helpe yn in (earst noch) ûnoffisjele kapasiteit. Presit hat ûnderwilens alle bylden dy't mei it minykameraatsje makke binne dat Torin oan board fan Stasjon Vrijheid by har droech, ynleverje moatten by de warders, om't yn 'e Konfederaasje alle kamera's dy't net dúdlik foar eltsenien as sadanich werom te kennen binne, yllegaal binne út it eachpunt fan privacy. Mar it ferlies fan 'e bylden wurdt goedmakke trochdat Big Bill Ponner, dy't ûnderwilens troch it marinierskorps oppakt en oan 'e warders oerdroegen is, tasein hat har fanút syn sel in eksklusyf fraachpetear ta te stean.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|