Twizel is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, súdwest fan Bûtenpost. De buorskippen Egypte (foar in diel) en Wedzebuorren falle ek ûnder Twizel.

Twizel
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
Sifers
Ynwennertal 1.095 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,04 km², wêrfan:
- lân: 8,95 km²
- wetter: 0,09 km²
Befolkingsticht. 119 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 13'N 6° 5'E
Lokaasje Twizel (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Lokaasje Twizel (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Kaart
Twizel (Fryslân)
Twizel
Dizze side giet oer it doarp Twizel yn Fryslân. Foar it doarp Twizel yn Nij-Seelân, sjoch: Twizel (Nij-Seelân).

Twizel hat 1.095 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

 
Kop-hals-romppleats út 1818

Twizel waard yn 'e 13e iuw Twislum (1240) neamd, yn 1395 Opwysel, yn 1441 Up-twyzel, yn 1664 Opt Wysel, yn 1718 Twysel en yn 1840 Optwijzel. De namme Optwizel betsjut "wiksel" of "by de twasprong". Optwizel is no noch in strjitnamme yn it doarp.

Fan 1898 oant 1974 hie Twizel in eigen molkfabryk. It molkfabryk De Iendracht fusearre yn 1962 mei dy fan Burgum en krige doe de namme De Foarútgong. Yn 1974 kaam der in ein oan de produksje en waard it gebou oernommen troch in timmerbedriuw en in keukenstudio.

It histoaryske kafee "De Drie Witte Kannen" baarnde yn 1979 ôf en waard net werboud.

Sûnt de lêste desinnia is mei de ûntwikkeling fan de Twizelermieden eastlik fan it doarp in wichtich natoergebiet ûntstien, dat oanslút op de Hamstermieden, de Izermieden, de Bûtenpostermieden en de polder Reahel. It gebiet is ryk oan greide- en wetterfûgels en plantesoarten.

De gaffel yn it wapen ferwiist nei de twasprong. Mei de kleur swart wurdt de swarte moude fan de net-ferhurde diken (notiids asfalt) oantsjut. De sângrûn dêr't it doarp op leit, wurdt oanjûn troch it gouden fjild. Op it hege diel, meastal oan wjerskanten fan de dyk, wie boulân, dêr't in soad rogge ferboud waard. Oan de eastkant waard fierwei de measte grûn as greide brûkt. Dy situaasje wurdt troch de rogge-ier rjochts en de klaver links yn it skyld oanjûn. Yn it skyldhaad sit in bokweetkerl, as oantinken oan de pelmole en it ferbouwen fan boekweet. Yn it reade hertskyld stiet in ferwizing nei de bynamme fan de ynwenners fan Twizel: wezelingen.

Sintraal stiet doarpshûs De Bining. Hjir sitte ek pjutteboartersplak Date's Plakje, Pleatslik Belang en oare ferienings yn. Sosjaal Kultureel Wurk (SKW) soarget foar in soad aktiviteiten yn Twizel. De Twirre is de doarpskrante fan it doarp. De doarpsbiblioteek "De Klink" stiet neist de gymseal fan it doarp.

 
Eardere herfoarme pastorij

De iepenbiere basisskoalle De Lytse Wiman waard yn 2013 sletten.

Simke Kloosterman

bewurkje seksje
 
It Simke Kloostermanhûs

Bekende ynwenster wie de Fryske skriuwster Simke Kloosterman. It hûs dêr't se altyd wenne is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Hjir is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk.

Yn Twizel wurdt elk jier de Simke Kloostermanpriis útrikt. Yn 1999 hat Twizel in wapen oannomd.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1955 1960 1965 1970 1973 2004 2008
Ynwenners 1088 1078 1068 1092 1047 1030 1120
Jier 2014 2015 2020
Ynwenners 1093 1095 1092
  • Beukerspaadsje
  • Boppelannen
  • Bosselân
  • De Haven
  • De Wedze
  • Dobbe
  • Egypte (buorskip)
  • Flaakskampke
  • Jan Ritskesstrjitte
  • Krikehoeke
  • Mounewei
  • Optwizel
  • Persieltsjelân
  • Piterpôlle
  • Simke Kloostermanstrjitte
  • Tsjerkebuorren
  • Tsjerkelân
  • Wedzebuorren (buorskip)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

  Achtkarspelen  
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
  ·   ·