Fryske Marreprojekt
It Fryske Marreprojekt is in grutskalich projekt fan de Provinsje Fryslân dat ta doel hat it wettersportgebiet yn Fryslân te ferbetterjen en dêrtroch wurk yn de toeristyske sektor te behâlden en út te wreidzjen. De provinsje is yn 2000 útein setten mei it projekt. It projekt hat in stik as wat doelen, de wurkgelegenheid yn de wettersportsektor moat mei 30% omheech en de libbenstierigens en it fêstigingsklimaat moat ferbettere, dat moat barre troch in bettere trochstreaming fan it weiferkear, koartere wachttiden foar de brêgen en it fersterkjen fan de natoer.
Yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt wurde 500 kilometer oan kanalen en fearten útbaggele. Dêrnjonken wurde sa'n 50 fêste brêgen ferhege sadat dêr gruttere skippen farre kinne. Fierders wurdt der ek noch wurke oan it ferminderjen fan de wachttiden by brêgen. Op fiif plakken wurde de brêgen ferfongen troch in akwadukt. Der wurde ek 12 beweechbere brêgen oanpast. Der wurde 2000 oanlisplakken oanlein yn de doarpen en stêden, mei sanitêre foarsjennings. Dêrneist wurde der ferskate fytspaden oanlein.
Trajekten
bewurkje seksjeIt Fryske Marreprojekt is yn 13 trajekten ferparte:
- Starum - Snits & Galamadammen - Sleattemer Mar
- Sleattemer Mar/De Lemmer - Linthorsthomanslús
- Tsjûkemar - Snitser Mar : Ferbetterjen fan de farrûte tusken dy marren, measte oanpassings by Langwar. Der wurde in fytspaad en oanlisplakken oanlein by de Noarder Alde Wei, de Langwarder Wielen wurde útdjippe. De Ruijtenschildtbrêge en de fytsbrêge oer de Broeresleat wurde ferhege.
- Sicht op de mar: werynrjochting fan it Pottengebiet, it Starteilân en it Skareilân by de Snitser Mar.
- Faras Snits:
- Drachten - Ljouwert
- Akkrum - Ljouwert
- Middelseerûte
- Ljouwert
- Lits-Lauwersmarrûte: Rûte is gaagli makke foar boaten mei in hichte oant trije meter; tal fan brêgen binnr dêrfoar ferhege. Ek binne ferskate fytspaden oanlein en de fêste brêge yn de Lauwersmarwei oer de Kollumer Ryd is feroare yn in beweegbere brêge sadat Kollum ek berikber is foar boaten mei in steande mest.
- Makkum - Boalsert - De Fluezen
- Polderhoofdkanaal
- Noardlike Alvestederûte: It geskikt meitsjen fan de Noardlike Alvestederûte foar boaten oant in hichte fan 2,5 meter. Fyftjin brêgen wurde oanpast en der wurde twa slûzen oanlein by Wier en Alde Leie, fierders wurde fearten útdjippe en ferbrede.