Hurdsilen op de Paralympyske Simmerspullen

Hurdsilen is ien fan de sporten dy't op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. De sport is tagonklik foar silers mei in, harsensferlamming, fisuele beheining en lichaamlike beheinings.

De boaten binne meastentiids oanpast en hawwe in kyl. Dat ferheget de stabiliteit. Fierders is de boat sa iepen mooglik sadat de silers mear bewegingsromte ha.

Der wurdt yn trije klassen syld, manlju en froulju troch elkoar. De twapersoansboat is allinne tagonklik foar silers mei slimme beheinings, de ien- en trijepersoansboten binne tagonklik foar alle klassen.

  • 2.4mR: in ienpersoansboat fan 4,1 meter lang en in gewicht fan 260 kg. De boaten hawwe in kyl. De siler sit yn de midden fan de boat en de hiele boat kin fan dat plak ôf navigearre en bestjoerd wurde.
  • SKUD 18: in twapersoansboat mei in kyl. De boaten binne 5,8 meter lang en wage minstens 380 kg. De silers moatte by de Spullen yn de midden fan de boat sitte; ien foar en ien efter. De boaten hawwe trije seilen; it grutseil, de fok en de Spinnaker.
  • Sonar: in twapersoansboat mei in fêste kyl. De lingte is sa'n 7 meter en it gewicht is 950 kg. De boat hat trije seilen; it grutseil, de fok en de spinnaker. By de Paralympyske Spullen wurdt der allinne mei it grutseil en de fok syld. De grutte fan de Sonars makket it mooglik om de boat sa yn te rjochtsjen dat der genôch helpmiddels oanbrocht wurde kinne, sadat ek de slim beheinden mei sile kinne.

Klassifikaasje

bewurkje seksje

It klassefikaasjesysteem by it hurdsilen is basearre op fjouwer faktoaren: stabiliteit, hânfunksje, mobiliteit en sjen. De silers wurde yndield mei punten op basis fan harren beheinings. Dy punten geane fan 1 oant 7 dêr't 1 betsjut dat in persoan net in soad beheinings hat en 7 dat de persoan slimme beheinings hat.

Yn de trijepersoansylboat meie de klassifikaasjes fan de silers meiinoar in maksimaal oantal punten fan 14 ha. Dat makket it mooglik foar silers mei slimme beheinings om diel te nimmen oan de Paralymyske Simmerspullen.

Hurdsilen wie yn 1996 in demonstraasjesport yn in fjouwerpersoansboat. Fjouwer jier letter yn Sydney stie it foar it earst op it programma mei twa ûnderdielen de 2.4mR ienpersoansboat en de Sonar trijepersoansboat. Yn 2008 by de Spullen yn Peking kaam dêr de SKUD 18, twapersoansboat by.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Hurdsilen op de Olympyske Simmerspullen


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
  ·   ·  


  Hurdsilen op de Paralympyske Simmerspullen
Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016
  ·   ·