Skermjen op de Paralympyske Simmerspullen

Skermjen is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. De sport is ek wol bekend ûnder de namme rolstoelskermjen.

It meast opfallende by de sport is dat der skerme wurdt fanút rolstuollen dy’t fêst stean op de grûn en net beweegd wurde kinne. Yn de stoel kin de skermer allinne it boppeliif frij bewege. Ek moat de skermer altyd sitten bliuwe. Krekt as by it reguliere skermjen wurdt der striden mei degen, floret as sabel. De earste twa wapens wurde hantearre troch manlju en froulju, it tredde allinne troch manlju. De oare regels binne ferlykber mei it gewoane skermjen.

It skermjen stiet al sûnt de earste Paralympyske Spullen, yn 1960, op it programma.

Ofhinklik fan de beheinings wurde de skermers yn in bepaalde klasse yndield. Fan 1996 ôf wurde de skermers yndield in de klassen A en B.

  • Klasse A: Skermers mei de minste beheinings.
  • Klasse B: Skermers mei de slimste beheinings.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
  ·   ·  


  Skermjen op de Paralympyske Simmerspullen
Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
  ·   ·