Leia Organa
Prinsesse Leia Organa (útspr.: [ˈleːja], likernôch: "lee-ja") is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in prinsesse fan 'e planeet Alderaan en in liedster fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk, "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Prinsesse Leia makke it alderearst har opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Se is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't se spile waard troch aktrise Carrie Fisher. Krapoan fjirtich jier letter spile Fisher deselde rol wer yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019). Prinsesse Leia is ûnlosmaklik ferbûn mei de ikoanyske hierstyl wêrby't har lang hier op 'e earen ta platte silinders draaid is. Hja waard in sekssymboal troch de metalen bikiny wêryn't se ferskynde yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.
Leia Organa personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | politika, rebel | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Luke Skywalker Anakin Skywalker Padmé Amidala Bail Organa Han Solo Kylo Ren Chewbacca | |
attributen | ikoanyske hierstyl metalen bikiny | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeOarspronklike Star Wars-trilogy
bewurkje seksjePrinsesse Leia Organa is op 'e planeet Alderaan opgroeid as de (sa blykt letter) oannommen dochter fan Bail Organa, de kening fan Alderaan. Dyselde wie foarhinne teffens de fertsjintwurdiger fan 'e planeet yn 'e Senaat fan 'e Galaktyske Republyk, foar't dy ûnder fuotten helle waard en keizer Palpatine it Galaktysk Keizerryk oprjochte. Oan it begjin fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) is Leia in lid fan 'e Keizerlike Senaat, dêr't se spionearret foar it Rebelleferbûn, in groepearring dy't de wapens opnommen hat tsjin it Keizerryk. De blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in reuseftich Keizerlik romtestasjon dat hiele planeten ferneatigje kin, binne har taspile, en Leia ferberget dy yn 'e androïde R2-D2, wêrnei't se him opdracht jout om op 'e planeet Tatooine de Jedi-master Obi-Wan Kenobi te sykjen.
Darth Vader, de neiste hantlanger fan keizer Palpatine, nimt Leia finzen, bringt har nei de Deadsstjer en lit har martelje. As se wegeret te fertellen wêr't de blaudrukken binne, driget grutmoff Tarkin, in hege Keizerlike ofsier, de Deadsstjer yn te setten om Alderaan te ferwoastgjen. Leia jout dêrop de lokaasje fan in âlde rebellebasis op Dantooine priis, mar Tarkin lit Alderaan likegoed ferneatigje. Net folle letter wurdt Leia út har finzenskip rêden troch Obi-Wan Kenobi, dy syn nije learling Luke Skywalker, en de smokkelders Han Solo en Chewbacca. Obi-Wan offeret himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om fan 'e Deadsstjer te ûntsnappen. Leia, Luke en Han leverje de blaudrukken fan 'e Deadsstjer ôf by it Rebelleferbûn, wêrnei't de Deadsstjer by in oanfal fan 'e rebellen ferneatige wurdt. Underwilens ûntstiet der om Leia hinne in trijehoeksferhâlding, mei't Luke en Han allebeide blyk jouwe fan romantyske belangstelling foar har.
Trije jier letter, yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), is Leia ien fan 'e lieders fan it Rebelleferbûn. Nei't in wichtige rebellebasis op 'e iisplaneet Hoth halje-trawalje ûntromme wurde moat, ûntkomt se mei Han Solo, Chewbacca en de androïde C-3PO yn Han syn romteskip, de Millennium Falcon. As dat skip stikken rekket, moatte se help sykje yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin, dy't bestjoerd wurdt troch Han syn âlde freon Lando Calrissian. Dêr rinne se lykwols yn in mûklaach, mei't Lando ûnder ien tekken blykt te skûljen mei Darth Vader. Nei't Vader Han ynfrieze lit yn (de fiktive stof) karbonyt, beslút Lando om oer te rinnen nei de rebellen. Hy befrijt Leia en de oaren en naait mei harren út yn 'e reparearre Millennium Falcon.
Likernôch in jier letter ynfiltrearje Leia en Chewbacca yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi it haadkertier fan 'e gangster Jabba de Hutt op Tatooine, as ûnderdiel fan in plan om 'e noch altyd yn karbonyt beferzen Han Solo te befrijen. Leia hat har ferklaaid as in Ubeeske preemjejager, mar har momkape wurdt trochsjoen, en se wurdt as slavinne yn in metalen bikiny mei in grouwe keatling oan 'e troan fan Jabba fêstset. As Luke Skywalker en Lando Calrissian neitiid in nije befrijingsaksje begjinne, is it Leia dy't yn 'e gaos it keatling brûkt om Jabba de Hutt troch ferstikking om hals te bringen. Letter fertelt Luke har dat se syn twillingsuster is en dat Darth Vader nimmen oars is as harren heit Anakin Skywalker.
Underwilens is keizer Palpatine úteinset mei de bou fan in nije Deadsstjer, dêr't er yn eigen persoan it tafersjoch oer hâldt. Dat liket it Rebelleferbûn in útsochte kâns ta om twa miggen yn ien klap te slaan troch tagelyk mei de nije Deadsstjer en de keizer sels ôf te weven. Yn it ramt fan 'e oanfal bejout Leia har mei Han, Chewbacca, C-3PO, R2-D2 en in kommando-ienheid nei it oerflak fan 'e boskmoanne Endor om 'e generatorfasiliteit út te skeakeljen dy't it enerzjyskyld fan 'e Deadsstjer opwekket. It blykt lykwols in falstrik te wêzen, en Leia-en-dy wurde finzen nommen troch Keizerlike stoarmtroepers. Se krije lykwols help fan 'e Ewoks, de lânseigen bewenners fan 'e Boskmoanne. Sadwaande witte se dochs noch de generator út te skeakeljen, sadat de Deadsstjer ferneatige wurde kin. Neitiid fertelt Leia oan Han dat Luke har broer is, wat de doar iepenet foar in romantyske relaasje tusken har en Han.
Star Wars-prequeltrilogy
bewurkje seksjeYn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) komt oan it ljocht dat Padmé Amidala fan Naboo de mem fan Leia en Luke is. Hielendal oan 'e ein fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) wurdt de twilling berne. Padmé stjert koarte tiid letter om't se troch it ferrie fan Anakin neat mear hat om foar te libjen. Yoda en Obi-Wan Kenobi beslute de twillingen foar harren eigen feilichheid útinoar te heljen. Yoda jout Leia om grut te bringen oan senator Bail Organa fan Alderaan en dy syn frou Breha.
Star Wars-ferfolchtrilogy
bewurkje seksjeYn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) is it tritich jier nei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor. Dat barren hat it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten helle, en yn it stee dêrfan hawwe de eardere rebellen in Nije Republyk oprjochte. De restanten fan it Keizerryk binne ûnderwilens gearklofte ta de Earste Oarder, dy't de Nije Republyk besiket te ferdylgjen om fannijs it Keizerryk te fêstigjen. Dat stribjen kantet it Ferset him tsjin oan, in organisaasje dy't oanfierd wurdt troch Leia.
Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) binne Leia en har man Han faninoar ferfrjemde rekke nei't harren soan Ben ûnder de namme Kylo Ren oerrûn is nei de Earste Oarder. As Kylo neitiid Han deadet, fernimt Leia dat fia de Krêft en docht it har in protte fertriet. Se dielt har gefoelens mei Rey, in nije rekrút fan it Ferset, dy't Han beskôge as in heitefiguer en in mentor. Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), dat postúm útbrocht waard nei it hommels ferstjerren fan aktrise Carrie Fisher yn desimber 2016, fjochtet Leia yn 'e Slach om Crait, wêrby't se har fermoedsoenet mei har broer Luke en ûnder de Fersetsleden is dy't witte te ûntkommen trochdat Luke in ôfliedingsmaneuver útfiert.
Foar Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) waard gebrûk makke fan byldmateriaal fan Carrie Fisher yn har rol as prinsesse Leia, dat filme mar net brûkt wie foar Star Wars: Episode VIII – The Force Awakens. Fisher har dochter Billie Lourd, dy't yn 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy de (lytse) rol fan luitenant Connix spile, fertolke de rol fan Leia yn in flashbacksêne, wêrby't har gesicht troch special effects ferfongen waard troch dat fan har mem út argyfbylden fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Yn 'e film giet Leia troch mei liedingjaan oan it Ferset en ûntjout se har ek ta mentor fan Rey. Wylst Rey en Kylo in duël mei de ljochtsabel útfjochtsje, rikt in stjerrende Leia mei de Krêft nei har soan, dy't dêrtroch ôflaat wurdt en troch Rey ferslein wurde kin. Rey genêst syn wûnen lykwols en Kylo wurdt alsa weromwûn foar de ljochte kant fan 'e Krêft. As Rey letter deadlik ferwûne rekket, jout er al syn libbenskrêft op om har te genêzen, wat him syn libben kostet. Neitiid reizget Rey nei Tatooine om 'e ljochtsabels fan Leia en har heit Anakin te begraven. Wylst de geasten fan Luke en Leia mei grutskens tasjogge, nimt Rey de namme Skywalker oan.
Rogue One
bewurkje seksjePrinsesse Leia ferskynt koart yn 'e spin-off-film Rogue One: A Star Wars Story (2016), wêrfan't it ferhaal spilet foarôfgeande oan Star Wars: Episode IV – A New Hope. Om in jonge prinsesse Leia te bewurkmasterjen, waard kompjûtergenerearre byldmateriaal fan in jonge Carrie Fisher oer it gesicht fan 'e Noarske aktrise Ingvild Deila hinne plakt. Argyflûd fan Fisher út A New Hope waard brûkt om it personaazje stim te jaan.
Tillefyzjesearjes
bewurkje seksjeOp 'e tillefyzje kaam it personaazje fan prinsesse Leia foar yn ferskate tekenfilmsearjes. Sa ferskynt yn Star Wars: Rebels, in searje dy't yn 'e gronology fan Star Wars tusken Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith en Star Wars: Episode IV – A New Hope yn spilet, in teenagefoarm fan it personaazje, dy't ynsprutsen waard troch Julie Dolan. Yn Traps en Tribulations, in ôflevering fan 'e rige Star Wars: Forces of Destiny, komt Leia (ynsprutsen troch Shelby Young) tegearre mei Luke Skywalker de Ewoks fan 'e boskmoanne Endor te help as dy bedrige wurde troch in meunster dat in Gorax neamd wurdt. Ek yn inkele ôfleverings fan Star Wars: Resistance ferskynt prinsesse Leia, dy't yn dy searje ynsprutsen waard troch Rachel Butera en Carolyn Hennesy.
Star Wars Legends
bewurkje seksjeOm 'e oarspronklike Star Wars-trilogy hinne groeide in hiele universum fan literatuer en fideospultsjes wêryn't de ferhalen fan Leia en de oare haadpersoanen fierder útwurke waarden nei de oerwinning yn 'e Slach om Endor oan 'e ein fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company waard it meastepart fan dy oanfoljende ferhalen út 'e Star Wars-kanon retcond om't Disney foar de Star Wars-ferfolchtrilogy in hiele oare kant út woe mei de ferhaalline. Yn april 2014 waarden alle skraste ferhalen omneamd ta Star Wars Legends, "leginden", dy't dus net wier bard wiene.
Yn 'e roman The Courtship of Princess Leia (1994), fan Dave Wolverton, nimt Leia yn omtinken om út praktyske redens te trouwen mei de smoarrike prins Isolder fan 'e machtige planeet Hapes, mar op 't langelêst sjocht se dêrfan ôf en kiest se foar Han Solo, wylst Isolder in oare leafde fynt. Yn Heir to the Empire (1991), it earste diel fan 'e Thrawn Trilogy fan Timothy Zahn, is Leia troud mei Han en yn ferwachting fan harren bern as se troch Noghri-kommando's ûntfierd wurdt yn opdracht fan grutadmiraal Thrawn, dy't it Galaktysk Keizerryk weroprjochtsje wol. Yn it twadde diel, Dark Force Rising (1992), beseft se dat de Noghri troch Darth Vader en Thrawn bedragen binne, en wit se, troch de wierheid oan it ljocht te bringen, de Noghri oan 'e kant fan 'e Nije Republyk te krijen. Yn it trêde diel, The Last Command (1993), befalt Leia ûnder it belis fan Coruscant troch Thrawn fan in twilling, Jaina en Jacen.
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
bewurkje seksjejierren | film | akteur |
---|---|---|
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | Carrie Fisher |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | |
1999 | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2002 | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones | |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | |
2008 | Star Wars: The Clone Wars | |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | Carrie Fisher |
2016 | Rogue One: A Star Wars Story | Ingvild Deila (mei argyfbylden en -lûd fan Carrie Fisher) |
2017 | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi | Carrie Fisher |
2018 | Solo: A Star Wars Story | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2019 | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker | Carrie Fisher (argyfbylden) en Billie Lourd |
Yn 'e popkultuer
bewurkje seksjePrinsesse Leia hat gâns ynfloed hân op 'e popkultuer fan 'e Westerske wrâld. Hja wurdt sjoen as in kultureel ikoan fan 'e 1980-er jierren, in feministyske heldinne en "in foarbyldige personifikaasje fan froulik kinnen" (sa't se yn 2010 yn in artikel op 'e nijssite The Huffington Post neamd waard).
Hja is ûnlosmaklik ferbûn mei de aparte hierstyl út Star Wars: Episode IV – A New Hope, wêrby't har lang hier oer de earen hinne ta platte silinders draaid is. Yn it Ingelsk sprekt men datoangeande fan in cinnamon bun-hierstyl; in cinnamon bun is in kanielbroadsje, in baksel dat yn 'e Feriene Steaten deselde draaide foarm hat. George Lucas, de betinker fan Star Wars, sei oer dy hierstyl yn in fraachpetear yn 2002:
"Yn 'e film út 1977 besocht ik omraak en meitsje wat oars as wat doedestiden yn 'e moade wie, dat ik keas foar in soarte fan Súdwestlike 'Pancho Villa'-eftige froulike rebellestyl. […] De 'broadsjes' komme winliken út it Meksiko fan om 1900 hinne."
Troch de sênes yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, fan prinsesse Leia as slavinne fan 'e gangster Jabba de Hutt, klaaid yn in metalen bikiny, waard se ek in sekssymboal, ta skrik fan aktrise Carrie Fisher, dy't har spile. Sawol prinsesse Leia mei de cinnamon buns-hierstyl as prinsesse Leia yn 'e metalen bikiny binne populêre ûnderwerpen foar cosplay troch froulike fans fan 'e Star Wars-franchise.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |